Tribunes sc Hearrenfean krije namme fan klupikoanen

Sportklup Hearrenfean ferneamt twa tribunes yn it Abe Lenstra-stadion nei klupikoanen Riemer van der Velde en Foppe de Haan. De west- en easttribune krije de nammen Riemer- en Foppe-tribune.
Riemer van der Velde en Foppe de Haan © ANP
Mei in offisjele hanneling op 26 septimber, foar de wedstriid tsjin FC Twente, giet de nammewiziging yn wurking.
Riemer van der Velde (80) wie fan 1983 oant 2006 foarsitter fan sc Hearrenfean. Dêrnei siet er yn de ried fan kommissarissen. Letter bleau Van der Velde aktyf by de klup yn in advisearjende rol.
Foppe de Haan (78) wie trije perioades haadtrainer fan Hearrenfean, foar it lêst yn 2015-2016. Letter wie er assistint fan bûnscoach Sarina Wiegman by de Oranjefroulju, doe't dy yn 2017 Europeesk kampioen waarden.

Radio Camataru

De plannen om de tribunes nei de klupikoanen te ferneamen, wienen der al langer. Supporters fan de klup kamen mei it idee. Technysk manager Ferry de Haan fertelde yn de podcast fan Radio Camataru dat der by de wedstriid tsjin Twente in iepeningssearemoanje komt.