De toan fan Joana Duarte: "Subjektive Waarnimming fan it Nederlânske Waar"

10 sep 2021 - 11:07

"Dizze wike wie it dan dochs einliks hast echt efkes simmer yn Fryslân. De fraach is fansels oft it oant dizze wike überhaupt wol simmer west hat.

Foar it objektive waarberjocht, en it beänderjen fan de fraach oft dizze simmer wier sa min west hat yn ferliking mei oare Fryske simmers, moatte wy fansels by ús meteorologen wêze, de Piet Paulusma's en de Gerrit Hiemstra's fan dizze wrâld.

Hoe't it waar waarnommen wurdt, hoe't it belibbe wurdt, dat is in hiel oare kwestje. Bill Bowerman, oprjochter fan Nike en coach fan bekende Amerikaanske atleten, sei: "There's no such thing as bad weather, just soft people". En as dat sa is, bin ik sa sêft as dûns.

De ôfrûne wiken haw ik nei in waarme Portugeeske simmer op it wurk wer in soad kollega's sprutsen. Wat is it dochs moai om minsken wer live te sjen! Underwerp fan petear wie faak de simmerfakânsje. In soad minsken hiene op fakânsje west yn eigen lân. Ik frege standert oan dy kollega's: hoe fûnst it waar dan?

Yn Portugal checkte ik wol ris de waarapp, en dy sei my neist nijsberjochten oer strjitten yn Fryslân dy't blank stiene dat it net folle soeps west hie. Dat wiene ta myn fernuvering lykwols net alle minsken mei my iens. Nei myn typology fan Bôle-iters bringt my dat sadwaande ta in nije typology: dy fan de Subjektive Waarnimming fan it Nederlânske Waar. Ik ûnderskied dêrby trije groepen:

Groep A fûn dizze simmer kwa waar de slimste simmer ea. Doe't ik de kollega's dy't ta dizze groep behearre de waarfraach stelde, feroare op slach de ekspresje yn har gesicht. "Net te dwaan!", rôpen sy út. "It wie kâld en wiet!". Oaren seine: "Wy wiene mei de boat fuort en hawwe besluten om om te kearen en op te brekken!". Ik seach har mei begrutsjen oan en fielde mei har mei.

As ik by de kollega's behearrend ta groep B oer it waar begûn, wie it as iepene ik de doaze fan Pandoara. Men wie net mear te hâlden: sy waarden spontaan wer segrinich, en fertelden my dat se sa njonkenlytsen serieus oerwagen om te emigrearjen. It waar hie ûnakseptabel west: foar sok min waar yn fakânsjetiid soene jo troch de baas of it regear kompensearre wurde moatte! Dit gefoel haw ik bûten de fakânsjes om, stel jo foar sels ek faak, as ik foar de tredde kear op ien dei wiet rein.

De leden fan Groep C seagen it hiel oars. It waar hie bêst okee west. It reinde ommers net de hiele tiid: it wiene mar buikes. Tusken de buien troch koene jo bêst leuke dingen dwaan, en it wie ek noch ris goed foar de tún. Boppedat: te waarm is ek net goed. It bêste wie it, learde ik fan dizze kollega's, om net te folle oer it waar te eameljen, want as it reint dan wurde jo wiet: dêr is neat oan te dwaan. Mei de goede klean oan kinst einlik alles, en wie 18 graden mei wat bewolking einlik net ideaal?

As ik de kollega's út de kategoryen A, B en C sa hearde, koe ik my hast net foarstelle dat sy de simmer allegearre yn itselde lân trochbrocht hiene. De waarnimming fan itselde waar ferskilt foar elts persoan.

Fan âlds wiene der yn it Frysk in soad wurden en útdrukkingen om de nuânsen fan it waar mei te beskriuwen: foar boeren wie it wichtich om dêr sa krekt mooglik yn te wêzen. "It slacht wiet oan", "Der komt in skip mei soere apels oan", of "It is gleonsk en near, op it modzige ôf." Dit soarte fan taaleigen rekket spitigernôch hieltyd mear yn ûnbrûk.

Tagelyk fielt de wurdskat dy't wy no ta ús foldwaan hawwe foar goed of min waar as ûntarikkend: dy dekt net goed genôch hoe't wy ús derby fiele. Wy hawwe nije wurden nedich! Mar hoe wie jo simmer yn Fryslân? Ta hokker groep fan waaroanhingers behearre jo? Kinne jo bettere wurden jaan oan it waar?"

Trefwurden: 
De Toan fan Joana Duarte
(Advertinsje)
(Advertinsje)