Mear miggen en neefkes troch min jier foar ealjebijen

10 sep 2021 - 10:15

It tilt op fan de ynsekten, lykas miggen en neefkes. Dat is it gefolch fan it strieminne jier dat ealjebijen hân ha. Yn Fryslân wienen dit jier sawat 75 prosint minder ealjebijen as in jier lyn. Dêrtroch oerlibbet oar ûngedierte better.

In tigermich - Foto: ANP

Dat der minder ealjebijen binne, komt dan wer troch it waar dit jier. Oan it begjin fan it jier gong it al mis foar de ealjebijen, leit ûngediertebestrider Daan Constandse út. "We hebben een relatief warm voorjaar gehad, toen kwamen de wespen uit hun winterslaap en begonnen ze hun nestje."

Dêrnei waard it lykwols wer kâld en wiet. "Daardoor was er weinig voeding te vinden. Normaal gesproken leven ze van vliegen, muggen en de eikenprocessierups."

"Dus dat er veel minder wespen waren heeft dus voordelen voor wie er een hekel aan heeft, maar er ook een nadeel: er zijn nu meer andere insecten."

Wespen leveren altijd een goede bijdrage in het indammen van insecten, maar dit jaar niet.

Daan Constandse

Constandse wennet yn Warten en fernimt it sels ek. "Ik kan 's avonds niet in de achtertuin zitten zonder me flink in te spuiten met deet. En de wespen leveren altijd wel een goede bijdrage in het indammen van die insecten, maar dit jaar dus niet."

Dat der minder ealjebijen binne, fernimt Constandse ek yn it wurk. Fan juny ôf hat er sa'n 100 nêsten bestriden. Dizze wike wienen der fjouwer nêsten ticht by elkoar. "Dat was in Gorredijk, toevallig twee buren die ieder twee wespennesten hadden."

Gjin foarsizzing

Oer takom jier kin Constandse noch gjin foarsizzing dwaan. "Dat is opnieuw afhankelijk van de weersituatie. Als we nog zo'n voorjaar krijgen, dan komen er nog minder wespen."

Uteinlik komt it wol wer goed. "Zo'n populatie herstelt zich over het algemeen wel weer in een paar jaar." Foar itselde jildt krijt Constandse it takom jier wer krekt sa drok as fiif jier lyn. "Toen was het materiaal niet aan te slepen, het raakte zelfs op.

RTV NOF gong mei ûngediertebestrider Foeke Dijkstra út Damwâld mei:

Trefwurden: 
ynsekten ealjebij ûngedierte
(Advertinsje)
(Advertinsje)