Olympysk kwalifikaasjetoernoai curling nei Ljouwert

10 sep 2021 - 07:55

It olympysk kwalifikaasjetoernoai curling wurdt yn desimber holden yn Ljouwert. It evenemint foar manlju, froulju en mingde teams is fan 4 oant en mei 19 desimber yn de Ljouwerter Alvestêdehal.

Foto: ANP

Boargemaster Buma is bliid dat Ljouwert it toernoai organisearje mei: "Oer de hiele wrâld sil der in soad omtinken foar wêze, hielendal yn lannen as Kanada en Amearika. Dêr is curling in grutte sport. It is in primeur foar Nederlân en in moaie oanfolling op de dochs al rike Fryske iishistoarje."

Noch trije tickets by manlju

By it toernoai kinne noch trije manljusteams in ticket foar de Olympyske Spelen yn Peking bemachtigje. It Nederlânske team kin him foar it earst yn de skiednis kwalifisearje foar de Winterspelen.

Oranje hat yn Ljouwert konkurrinsje fan Italië, Noarwegen, Japan, Dútslân, Denemarken en Súd-Koreä. Op basis fan de resultaten op it WK binne Sweden, Grut-Brittannië, Switserlân, Kanada, Amearika en it Russysk Olympysk Komitee al wis fan in olympysk ticket. Gastlân Sina docht ek mei.

De toernoaien foar froulju en de mingde teams binne yn desimber dus ek yn Ljouwert, mar dêr docht Nederlân net oan mei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)