Wachtsje op natueriis kin net mear: 10.000 bern nei de iishal

10 sep 2021 - 06:52

Fryske skoalbern moatte mear reedride en net allinnich as der natueriis leit. Neffens Sport Fryslân kinne wy allinnich sa de reedrydprovinsje fan Nederlân bliuwe. De organisaasje wurket mei ferskate partijen oan in plan om skoalbern oan it riden te krijen.

Foto: Omrop Fryslân

"It reedriden sit yn ús bloed. It is in diel fan ús Fryske kultuer. Klimaatferoaring pakt dat no fan ús ôf, want wy kinne net wachtsje oant de froast syn ding dien hat."

Oan it wurd is Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân. "It reedriden is wat wy binne. En dus bondelje wy no de krêften om dat sa te hâlden."

Yn 'e mande mei ûnder oare de reedrydskoallen yn ús provinsje, mar ek it Gewest Fryslân en de Sven Kramer Academy wol Sport Fryslân no de skoalbern berikke. "Elk fan ús hie syn eigen manier om de jongerein te berikken. Mar yn stee fan fiif dobberkes útsmite, kinst ek foar de grutte fisk gean mei ien grutte dobber. Dat dogge wy no."

Prachtige gefoel jaan

It idee is dat bern yn groep 5 en 6 fan de basisskoalle yn 'e kunde komme mei it reedriden. De dielnimmende organisaasjes sykje noch út hoe't dat it bêste kin. "Wannear't sy op it iis stean, is der genôch kennis om se les te jaan. It giet derom, hoe krije we se op it iis?"

Ien foardiel: Fryslân hat twa prima iisbanen: "Ien yn Ljouwert en ien op It Hearrenfean, dat is in geweldige situaasje. Dêr moatte we de bern hinne krije en se it prachtige gefoel te jaan. It gefoel fan glide oer it iis, de beweging fan it riden."

10.000 skoalbern

"Op termyn moat it gean om 10.000 bern it jier, dus miskien moatte we wol wurkje mei bussen tusken skoallen en iishallen", seit De Vries. "Dat binne we no oan it úttinken."

"We moatte sjen hoe't we skoallen helpe kinne mei it ferfier bygelyks. Sadat we net allinnich bern dy't op in pear kilometer wenje nei de iisbanen ta krije, mar ek bern dy't fan fierder fuort komme moatte."

Begjin 2022 moat de earste skoalbern binnen it nije projekt op redens stean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)