Trije wiken sûnder spoarbrêge Ljouwert is 'meast optimistyske' senario

10 sep 2021 - 06:00

Dat it opknappen fan de spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ljouwert noch trije wiken duorret, is it meast optimistyske senario. Dat seit regiodirekteur Dorothé Wennekendonk fan ProRail. It soe sels moannen duorje kinne. Deputearre Avine Fokkens hopet dat Den Haag ynsjocht dat der wat barre moat.

De spoarbrêge - Foto: AS Media

De brêge gie tiisdei stikken en kin sûnt dy tiid net mear iepen foar de skipfeart. De treinen koenen tiisdei ek in skoftke net ride, mar dat waard deselde dei noch ferholpen. De silinder dy't de brêge draaie moat wurket net mear. Dêrom kin er net mear iepen.

Gefolgen foar de stêd

En dat hat gefolgen foar it skipfeartferkear, seit deputearre Fokkens: "Heel veel boten kunnen er niet langs. Je praat bijvoorbeeld over container- en binnenvaarschepen die nu om moeten varen. Het kan ook tot gevolg hebben dat er meer vrachtwagens door de stad gaan rijden. Dus het heeft best wel impact."

Wiken of moannen

ProRail, dy't de brêge yn behear hat, taast noch yn it tsjuster oer de presise oarsaak fan it defekt, seit regiodirekteur Wennekendonk. "Om dat te bepalen moeten we de cilinder eruit halen. We zijn nu een plan van aanpak aan het maken om deze vijf ton zware cilinder eruit te halen, te verschepen naar de werkplaats en te inspecteren."

Dat kin dus op syn minst trije wiken duorje. "Maar ik zeg er eerlijk bij dat drie weken echt ons beste scenario is. Het kan dus ook zomaar langer duren, zelfs enkele maanden. Pas als we weten wat er aan de hand is, kunnen we inschatten hoe lang het duurt", seit Wennekendonk.

De problemen mei de spoarbrêge binne noch net oer:

Neffens Wennekendonk is der yngreven ûnderhâld en binne der geregeld ynspeksjes. "Maar zoiets kan optreden. Het is niet te voorspellen. Specifiek op deze brug hebben we in 2018 nog een grote onderhoudsbeurt gedaan waarbij de hefcilinders zijn aangepakt."

ProRail is noch oan it ûndersykjen oft der fanwegen de hinder kompensaasje komme moat foar de skipfeart. Treinreizgers fernimme foarearst neat fan de wurksumheden oan de brêge.

Urginsje ta lobby

Deputearre Fokkens jout oan dat it net foar neat is dat de provinsje mei gemeente Ljouwert yn Den Haag lobbyt foar ferfanging fan de brêge. "Het is nu een draaibrug, waar de trein overheen en boten onderdoor moeten. Wij vinden dat het moet worden vervangen door een aquaduct. Dus hoe vervelend dit ook is, ik hoop ook een beetje dat dit de urgentie aantoont van wat we al lang roepen. Ik hoop dat Den Haag actie onderneemt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)