Mondiaal natuerkongres ropt Nederlân op: boarje gjin gas yn Waadsee

It ynternasjonale kongres foar natuerbehâld (IUCN) ropt it Nederlânske regear driuwend op om net nei gas te boarjen yn de Waadsee. De oannommen moasje is in wichtich sinjaal, want it gearwurkingsferbân IUCN bestiet út hast 90 lannen en mear as tûzen organisaasjes.
Gaswinning by de Waadsee © Shutterstock.com (Erik Koole Photography)
De moasje op it wrâldkongres yn Marseille waard oannaam mei 583 stimmen foar en 7 stimmen tsjin. Fierder wiene der 134 partijen dy't har ûntholden hawwe fan stimmen. It betsjut dat de moasje feroaret yn in resolúsje, oftewol in ferme oprop.

Net earder bard

"Wij zijn ongelooflijk blij met deze internationale steun", lit de Waadferiening witte. "Het gebeurde nog niet eerder dat overheden vanuit de hele wereld de Nederlandse regering op deze manier hebben aangesproken op gaswinning uit de Waddenzee."
"Dit betekent dat regeringen en natuurbeschermers van over de hele wereld de Nederlandse regering oproepen om het gas onder de Waddenzee te laten zitten."
Het besluit van één Nederlandse minister kan al het goede werk van vele natuurbeschermers over de hele wereld kan frustreren.
Frank Petersen fan de Waadferiening
Frank Petersen fan de Waadferiening jout oan dat nije gaswinning yn de Waadsee net allinnich effekt ha soe op de unike natuer fan de Waadsee, mar ek op oare plakken op de wrâld. "Als wadplaten verdwijnen zal voedsel voor trekvogels verdwijnen en zo verdwijnen deze vogels ook weer uit Afrikaanse landen langs de Atlantische Oceaan."
"Zo merk je dat het besluit van één Nederlandse minister al het goede werk van vele natuurbeschermers over de hele wereld kan frustreren."
Petersen doelt dêrmei op demisjonêr minister Stef Blok. Hy is fan doel om grien ljocht te jaan oan de NAM om troch te gean mei de gaswinning. Blok komt moandei nei Ternaard. Hy wol dêr yn petear mei ynwenners en bestjoerders.
Frank Petersen fan de Waadferiening wie woansdei op it kongres yn Marseille
It kongres fan de International Union for Conservation of Nature (IUCN) is bedoeld foar natuerbeskermers en fertsjinstwurdiger fan regearingen oer de hiele wrâld. Dêr falle ek sa'n 900 net-gûvernemintele-organisaasjes ûnder.
It IUCN is in ynternasjonaal gearwurkingsferbân dat sûnt 1948 bestiet. Op it kongres wurdt praat oer wichtige ynternasjonale beslissingen oer natuerbehâld en klimaatferoaring. It biedt ek de mooglikheid om in 'urginte moasje' yn te tsjinjen.
De moasje fan de Waadferiening krige foar it yntsjinjen stipe fan 23 natuerbeskermingsorganisaasjes.