Hoareka sjocht neat yn plannen kabinet foar 'testen voor toegang'

In grut part fan de hoareka yn Fryslân sjocht neat yn plannen fan it kabinet om tagong ta kafees en restaurants allinnich ta te stean foar minsken dy't faksinearre binne of in negative coronatest sjen litte kinne. Dat seit Ton Eijer, hoareka-fertsjintwurdiger yn Ljouwert.
De hoareka wrakselet mei 'testen voor toegang':
Boppedat soe der foar hoareka dy't nei tsien oere jûns iepen is in ferplichte kaartferkeap komme moatte. Sûnder kaartsje dan dus gjin tagong. Ek in portier by de yngong wurdt ferplicht. "Je moatte der dus ien foar delsette. Dat kostet wer jild", fertelt fertsjinwurdiger Ton Eijer. "Hielendal lytsje kroechjes moatte dan apart wer ien ynhiere om dy QR-koade scanne te litten. Dat binne kosten foar neat. It is ek net út te lizzen oan ús gasten."

Drok genôch, te min personiel

Ek in servearster op in terras yn Ljouwert sjocht it net sitten dat se hieltyd om in QR-koade freegje moat op it terras. "Wij hebben het al druk genoeg, we komen personeel te kort," seit Fleur Nijholt. "Dan moeten we ook nog om een QR-code vragen, dat is toch niet nodig?"

Sektor fielt him 'brûkt'

Grutste krityk fan de hoareka is dat de sektor him 'brûkt' fielt om de faksinaasjegraad omheech te krijen. "Dit is onacceptabel. In plaats van dat het kabinet zijn ongelijk toegeeft, kiest men er voor het regime voor de hele horeca te verzwaren," seit Koninklijke Horeca Nederland-foarsitter Robèr Willemsen.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Mingde reaksjes

"Ik haw leaver net teste foar tagong yn myn saak, mar as it net oars kin dan is it net oars. Ik ha leaver 500 minsken yn myn saak mei teste foar tagong as dat ik de minsken binnen lit op oardel meter ôfstân en ik as in plysje der troch hinne moat", seit Cor Veenstra fan de Treemter yn Grou.
Dan giet it spontane idee fan efkes in jûntsje út folslein fuort.
Cor Veenstra fan de Treemter yn Grou
Kaartferkeap soe de kroechbaas leaver net hawwe. "Dan giet it spontane idee fan efkes in jûntsje út folslein fuort. Minsken moatte spontaan sizze kinne, ik gean nei de Treemter ta."

Swabberje

Yn Aldtsjerk by kafee Moarkswâl fine se de nije plannen fan it demisjonêr kabinet hielendal neat. "Dit is swabber-belied," seit eigener Jannie Breeuwsma. "Hartstikke moai dy Formule-1 yn Zandvoort, mar wêrom mei de hoareka dan net folslein iepen sûnder restriksjes? Wy moatte it op it terras hawwe fan minsken dy't spontaan delkomme. Dan moatte wy dy no freegje om in QR-koade, dat hat gjin doel."
© Omrop Fryslan, Timo Jepkema
Publyk op de terrassen hat ek gijn goed wurd oer foar de foarnommen plannen. "Ik wit net oft ik dan noch it terras op gean," seit Anouk Zwolle. "Dan moat ik dus earst teste as ik út skoalle wei in drankje dwaan wol. Dat sjoch ik net sitten."
In oare man dy't in slok fan syn bierke nimt seit: "Dan kom ik niet meer. Dan drink ik 'm wel op m'n balkon."