Mei bloeisônen lykas '058 Samen Sterk' moatte Friezen sûn âlder wurde

De provinsje wol 'bloeisônen' meitsje om de wjerstân tsjin sykten en it wolwêzen te stimulearjen. Op dy plakken komme minsken byinoar om te bewegen, mei-inoar te iten en foar de sosjale kontakten.
Bloeisône 058 Samen Sterk soarget foar sûnens:
It klinkt sa simpel: goed ite en bewege en it gefoel hawwe dat je earne by hearre en je wurde sûn âlder. Mar sa fansels giet dat lang net oeral. En al hielendal net yn coronatiid. 058 Samen Sterk is in bloeisône. Hjir komme Ljouwerters byinoar ûnder oaren om te bewegen by in zumba-dûns-workout fan Denise Rivera.
It inisjatyf 058 Samen Sterk is trije jier lyn oprjochte troch Jerrel Ramdat. It is in klup fan minsken mei ferskillende kulturele eftergrûnen. It is in foarbyld wurden fan hoe't it ek op oare plakken foarm krije kin.

Stipe fan provinsje

Deputearre Douwe Hoogland wie tongersdei op wurkbesite. Hy wol út de provinsje wei sokke bloeisônen stimulearje. Yn Ljouwert kinne se bygelyks wol wat stipe brûke by de kontakten mei ferskate ynstânsjes.
Zumba by 058 Samen Sterk © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"Iedere keer moet ik levellen, levellen, levellen en dat is best wel op hoog niveau", fynt inisjatyfnimmer Ramdat. "Ik moet eigenlijk gewoon op pad, met mijn hart werken en bij de mensen zijn en niet met verschillende wijkmanagers of gemeentelui om tafel zitten."