GGD: gjin útwreiding of nijbou fan geitehâlderijen by 'gefoelige bestimmingen'

09 sep 2021 - 15:55

De GGD Fryslân advisearret om út foarsoarch gjin útwreiding of nijbou fan geitehâlderijen ta te stean yn in straal fan twa kilometer fan 'gefoelige bestimmingen'. Oanlieding foar it advys is it plan foar in geitehâlderij yn Boyl.

It bedriuw yn Boyl - Foto: Funda

Gefoelige bestimmingen binne ûnder oare hûzen, skoallen, berne-opfang, âldereinhûzen, fersoargings- en ferpleechhûzen en sikehûzen.

Binnen in ôfstân fan twa kilometer fan geitehâlderijen is der in hegere kâns op longûntstekking. Undersiken yn Noard-Brabân en Limboarch ha oantoand dat binnen twa kilometer fan geitehâlderijen sawat in fjirdepart mear gefallen fan longûntstekkingen binne.

Oant der mear kennis foarhannen is, advisearret de GGD dêrom tsjin útwreiding of de bou fan nije geitehâlderijen op guon plakken. En op de plakken dêr't al geitehâlderijen steane, meie binnen twa kilometer ek gjin nije bestimmingen komme.

Bliid mei it advys

Omwenners yn Boyl dy't aksjefiere tsjin de komst fan de geitehâlderij, sizze dat it advys fan de GGD dúdlik is. Se binne der bliid mei.

Oan it plak yn Boyl dêr't plannen binne foar in geitehâlderij, stiet no noch in melkfeehâlderij, mei ek hynders. Op sa'n 45 meter ôfstân leit de earste gefoelige bestimming.

(Advertinsje)
(Advertinsje)