RIVM: faksinaasjegraad it leechst yn Achtkarspelen en Dantumadiel

09 sep 2021 - 14:20

Fan alle Fryske gemeenten is de faksinaasjegraad yn Achtkarspelen en Dantumadiel it leechst. 64 prosint fan de folwoeksenen yn beide gemeenten is folslein faksinearre. Dat blykt út sifers dy't it RIVM tongersdei iepenbier makke hat.

De faksinaasjelokaasje fan GGD Fryslân yn Dokkum - Foto: Omrop Fryslân

Op de fjouwer Fryske Waadeilannen is de faksinaasjegraad it heechst. Dat is gjin ferrassing: de GGD Fryslân hat al geregeld sein dat de reewilligens fan de eilanners grut wie om har faksinearje te litten.

Mei in faksinaasjegraad fan 93 prosint is Skiermûntseach koprinner fan alle Nederlânske gemeenten. Dêrnei komme Skylge en It Amelân. Op de lanlike list stiet Flylân op it sechsde plak. Hielendal ûnderoan stiet Urk mei 23 prosint.

Faksinaasjegraad de gemeente (folslein faksinearre)

Skiermûntseach 93%
Skylge 88%
It Amelân 87%
Flylân 83%
Harns 74%
Eaststellingwerf 73%
Hearrenfean 73%
Weststellingwerf 73%
De Fryske Marren 71%
Opsterlân 71%
Smellingerlân 71%
Tytsjerksteradiel 71%
Waadhoeke 71%
Súdwest-Fryslân 70%
Ljouwert 68%
Noardeast-Fryslân 68%
Achtkarspelen 64%
Dantumadiel 64%
(Advertinsje)
(Advertinsje)