Projektûntwikkeler oer fuortstimmen fillapark by Balk: "We hiene op wat oars hope"

09 sep 2021 - 13:51

De projektûntwikkeler fan fillapark Lutsmond-Noord seit teloarsteld te wêzen dat de gemeenteried in streek setten hat troch de bouplannen. In mearderheid fan de ried fan De Fryske Marren stimde woansdeitejûn tsjin.

Foto: Kontour Vastgoed

Tsjin de komst fan it fillapark hawwe 1800 minsken in petysje fan de Fûgelwacht Balk tekene. Mei 18 om 11 stimmen is it plan fersmiten. Neffens VVD-riedslid en foarstanner Albert van Keimpema betsjut it beslút 'de ein fan de ûntwikkeling fan lytsskalige parken'.

Ek projektûntwikkeler Hielke Tillema, fan Kontour Vastgoed fan It Hearrenfean, is it net iens mei it beslút. Neffens him holden se de rjochtlinen fan de provinsje oan. "It is teloarstellend, we hiene op wat hiel oars hope."

Toeristysk profyl

It bedriuw hat seis jier lang dwaande west mei it ûntwikkeljen fan it plan. "We hiene it goed taret. It paste binnen de beliedskaders. We tinke noch hieltyd dat we wat tafoegje oan it toeristysk profyl fan de gemeente."

Neffens Tillema is it plan yn lykwicht mei de natuer. "Fansels hearre we de lûden oer de greidefûgels, mar we hiene it plan ek hielendal oanpast, om op genôch ôfstân fan de greidefûgels te kommen."

Fertrouwen

"De ried hat fansels altiten it einoardiel, mar wy ha 6 jier yntinsyf mei ferskate kolleezjes dwaande west om it plan foarinoar te krijen", fertelt Tillema. "Yn dat fertrouwen ha we dat ek foarlein oan de gemeenteried."

Sil de projektûntwikkeler him no dellizze by it beslút fan de gemeenteried? "We litte it earst rêstich bedarje", antwurdet Tillema.

Projektuntwikkeler oer it beslút fan de gemeente

(Advertinsje)
(Advertinsje)