Spoarbrêge oer Van Harinxmakanaal by Ljouwert noch wiken stikken

09 sep 2021 - 14:00

It opknappen fan de spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ljouwert duorret op syn minst noch trije wiken. Dat seit spoarbehearder ProRail.

De problemen mei de spoarbrêge binne noch net foarby:

De brêge gong tiisdei stikken en kin sûnt dy tiid net mear iepen foar de skipfeart. De treinen koenen tiisdei ek in skoftke net ride, mar dat waard deselde dei noch ferholpen.

De silinder dy't de brêge draaie moat wurket net mear. Dêrom kin er net mear iepen. "Om dit te herstellen moet inspectie van de cilinder plaatsvinden", meldt ProRail.

"Daarna kunnen we de cilinder repareren. Dit voeren we noodzakelijkerwijs uit door de cilinder met groot materieel uit de brug te takelen en te verschepen naar een werkplaats. Specialisten zullen de cilinder daar herstellen."

De stikkene brêge - Foto: ProNews

De provinsje Fryslân hâldt der rekken mei dat de problemen noch langer as trije wiken duorje. Hoe lang krekt, is dreech yn te skatten.

Faker problemen

Der binne de lêste tiid geregeld problemen mei spoarbrêgen. Ientsje by Frjentsjer wie fersakke, wêrtroch't dêr ferskate kearen fertraging wie.

In spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal yn Ljouwert soarge ôfrûne simmer ek in pear kear foar problemen. Dat wie de brêge foar it spoar rjochting Harns. No giet it om in oare spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal, mar yn dit gefal rjochting Zwolle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)