Kleaster Claercamp krijt monumintestatus én primeur

09 sep 2021 - 11:29

It eardere kleaster Claercamp by Rinsumageast wurdt oanwiisd as ryksmonumint. De eigeners fan it monumint krije boppedat it alderearste ryksmonumintepaspoart fan Nederlân.

Ton Stierhout fan museum Claercamp lit sjen wêr't it kleaster stie - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Mei sa'n paspoart krije de eigeners ynformaasje oer harren monumint. Der stiet ek yn hoe't se it bêst mei it monumint omgean kinne: wat kin wol en wat net? Dy paspoarten binne in nij inisjatyf fan de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed.

Grutste kleaster fan Fryslân

It kleaster kaam yn de tolfde iuw foar it earst foar yn de boeken. It wie it grutste kleaster fan Fryslân. Offisjeel wurdt it kleaster hjoed-de-dei Klaarkamp neamd, mar lokaal stiet it ek wol bekend as Claercamp.

Koart foar 1165 kamen broeders fan in Frânske kleasteroarder nei de Geast. Dat wienen sistersiïnzers. Se bouden in kleaster op in terp fan fjouwer meter heech. Healwei de fjirtjinde iuw rûnen der sawat 700 mûntsen om en waard it terrein útwreide oant 60 bunder.

Sa seach it kleaster derút - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

It eilân Skiermûntseach hat syn namme te tankjen oan it kleaster, fanwege de kleur fan de pijen dy't de mûntsen oan hienen. Skier betsjut griis.

Yn de sechstjinde iuw, yn de Tachtichjierrige Oarloch, waard it kleaster ûntmantele en ôfbrutsen. De bestjoerders fan Fryslân wienen benaud dat de Spanjerts Claercamp brûke soenen as oanfalsbasis.

Foto: Omrop Fryslân

Fan it kleaster is no hast neat mear oer. De âlde terp is hielendal ôfgroeven. Dochs fynt de Rykstsjinst dat it in ryksmonumint wêze moat. Yn de boaiem lizze noch belangrike resten fan Claercamp. Dêr moat sunich mei omgien wurde, fynt de Rykstsjinst. Dêrom wurdt it terrein no beskerme.

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar yn petear mei Ton Stierhout

(Advertinsje)
(Advertinsje)