Earste peal fan nije McDonald's by Dokkum yn de grûn

De earste peal fan de nije McDonald's by Dokkum is tongersdei yn de grûn slein. It carpoolplak deun hjirneist kin de kommende tiid net brûkt wurde fanwegen de bouwurksumheden.
© Koos Scherjon, RTV NOF
De nije McDonald's, dêr't de jongerein fan Dokkum fia sosjale media earder in oprop foar dien hat, iepenet op woansdei 8 desimber. It bedriuw siket sa'n 110 meiwurkers.
De fêstiging by Dokkum komt by de krusing fan de N361 en de N356 en wurdt it tsiende McDonald's-filiaal yn Fryslân.
Ferslachjouwer Ben de Jager yn petear mei Michel Groenewegen