Ljouwerter nachthoareka docht mei oan protestmars Unmute Us

09 sep 2021 - 09:55

In tal saken út de Ljouwerter nachthoareka docht takom sneon yn Grins mei oan de aksje Unmute Us. De aksjes ûnder dy namme binne ûntstien út frustraasje dat bygelyks muzykfestivals net trochgean meie, mar in soad oare eveneminten wol.

De earste Unmute Us-aksje yn Grins - Foto: ANP

Ferdinand Klugt fan Bebida's hat de Horeca-Lwd Truck opset. Mei dy wein ride de Ljouwerter saken mei yn de protestmars yn Grins. Njonken Bebida's dogge ûnder oare Club RED, de Kantelaar en de Ouwe Stoep mei.

Op 24 augustus wie de earste aksje Unmute Us yn ferskate stêden. Omdat de oerheid dêrnei net reagearre op de oprop fan de evenemintesektor, komt der no in nij protest.

Gjin antwurden

"Dat uit de ivoren toren niet meer komt dan een uitnodiging voor een gesprek zien wij als een zwaktebod waaruit blijkt dat ze de antwoorden ook niet hebben", sei de organisaasje nei it earste protest. "Dit sterkt ons in onze overtuiging dat dit beleid gebaseerd is op willekeur."

Njonken Grins binne der protestmarsen yn Amsterdam, Den Haag, Eindhoven, Enschede, Leiden, Maastricht, Nijmegen, Rotterdam, Tilburg en Utrecht.

Ferdinand Klugt fan de Ljouwerter bar Bebida's: "Het idee van Unmute is een beetje het Love Parade-verhaal, dus met trucks, muziek, dj's. We willen door de stad heen met slogans. Met de nachthoreca van Leeuwarden willen we een statement maken. Iedereen snapt ook wel dat het een keertje klaar is."

Ferdinand Klugt fan Bebida's

(Advertinsje)
(Advertinsje)