Hûzeneed makket kreatyf en wanhopich: op syk nei de gouden tip

De wenningneed slacht ek it noardeasten fan Fryslân net oer. Starters kinne der hast net oan in hûs komme. It makket de minsken kreatyf, mar ek hast wanhopich.
© Ben de Jager, RTV NOF
It ferhaal fan de famylje Elzinga út Surhuzum stiet symboal foar in hiel soad minsken. Se wenje al jierren yn in hoekwenning yn Surhuzum en wolle no graach in eigen opknapwenning yn Kollumersweach of omkriten. "Mar as je dan opbiede moatte tsjin immen dy't 60.000 oant 70.000 euro mear betelje wol, dan steane je eins al mei 2-0 efter."
Om dochs in opknapwenning keapje te kinnen, brochten de Elzingas 1.300 briefkes fan doar ta doar, mei de hoop op in gouden tip. "Oant no ta ha we wol wat tips hân, mar meastentiids komt dy wenning dan ek fuortendaliks al op Funda en begjint de gekte wer", fertelt Jan Elzinga.
Sels mei dizze ludike aksje kaam it noch hieltyd net ta in keap.
Alie en Jan Elzinga oer it startersprobleem
It pleatslik belang fan Kollumersweach en Feankleaster wit fan de problemen. Foarsitter Douwe Keegstra fernimt dat der in grutte krapte is. "De kâns op sukses is net hiel grut, litte we hiel earlik wêze, want in hiel soad minsken sykje nei in betelber hûs. Om't je dan mei syn allen op syk binne nei dyselde unike wenning en dy wenningen binne gewoan hiel skaars. Je moatte it hast al fan famylje, freonen en kennissen ha om dertusken te kommen."
Te keap-buordsje yn in tún yn Kollumersweach © Ben de Jager, RTV NOF
Pleatslik belang hat yntusken al ferskate brieven oan wenningkorporaasje Thús Wonen en gemeente Noardeast-Fryslân stjoerd. De urginte hûzefraach yn en rûnom it doarp is grut en doarpsbelang wol yn gearwurking mei de gemeente en Thús Wonen der wat oan dwaan, mar dat binne trajekten dy't jierren duorje.
Keegstra dêroer: "De grûn dêr't Cedelshof faze 3 noch op boud wurde kin is fan de gemeente, mar foardat de kavels útjûn wurde, moat der earst in beslút naam wurde. En dat is noch hieltyd net oan de oarder kaam."
Op it perseel soene sa'n 20 oant 30 startershûzen komme kinne, om yn alle gefallen de druk wat fan de wenningtsjettel te heljen. "Mar it 'Stedelijk Bouwkundig plan' moat de grûneigener ek yninoar sette, dêr geane wy as pleatslik belang net oer."
Foarsitter Douwe Keegstra fan it pleatslik belang Kollumersweach en Feankleaster
En dus bliuwt it foar de famylje Elzinga hoopjen op de gouden tip, Facebookpagina's fan makelers alle dagen besjen en de 'pingel' op Funda oan ha, as dêr wat nijs op stiet.
De problematyk dêr't Kollumersweach en omkriten mei te krijen ha, jildt foar de hiele regio. Oerbiede is de standert wurden en sûnder eigen keaphûs oan in 'nij' keaphûs komme is hast ûnmooglik.