Stichtingen lilk oer skrassen stêdebannen De Jouwer: "Wy binne besoademitere"

09 sep 2021 - 07:07

It kolleezje fan De Fryske Marren wol de twa stêdebannen fan de gemeente opsizze. It giet om de offisjele freonskipsbannen mei Drolshagen yn Dútslân en Medias yn Roemenië.

Stichting DFM-Drolshagen wie net op de hichte fan it foarnimmen en fielt him 'besoademitere', seit foarsitter Ynte Kuindersma.

De freonskippen besteane al mear as 50 en 25 jier en soargje foar tal fan útwikselingen en aktiviteiten. De Jouwer hat sels twa pleintsjes nei de stêden neamd: op it Drolshagenplein en it Mediasplein binne de stedswapens fan de freonstêden mei stiennen dellein. Yn Drolshagen is oarsom in Joure Platz.

Mear as 50 jier freonen

De bân mei Drolshagen bestiet al sûnt 1969. It giet foarsitter Ynte Kuindersma fan Stichting DFM-Drolshagen oan it hert dat boargemaster en wethâlders fan de stêdebân ôf wolle: fan it begjin fan de stêdebân ôf wie syn heit der nammentlik al by belutsen. Kuindersma: "It smyt safolle op. De ynternasjonale kontakten binne wichtich. Undernimmers kinne fan inoar leare, der kin eksportearre wurde en kultureel kin der útwiksele wurde."

Folslein oerfallen

Kuindersma is noch mear breinroer oer it feit dat de stichting net iens op 'e hichte steld is fan it foarnimmen. "Dit hat in oerfal west, sy ha ús hielendal net ynformearre of útnûge." Neffens Kuindersma is ek de stichting efter de freonskip mei Medias flink skrokken.

2019: de boargemasters mei it nije freonskipsferdrach fan De Jouwer en Drolshagen - Foto: Ynte Kuindersma

Yn 2019, doe't de freonskip mei Drolshagen in 50-jierrich jubileum fiere koe, waard it partnerskipsferdrach tusken de gemeenten wer fernijd. Letter kaam sels noch it fersyk fan de gemeente oft de doetiidske kommisje him omfoarmje woe ta in stichting, sa't it juridysk better regele wie en der mear kâns wie op subsydzje.

Stadichoan ôfbouwe

Boargemaster en wethâlders wolle de freonskip no tusken fiif en tsien jier skrasse. Dêr kin Kuindersma lykwols gjin begryp foar opbringe. "Dat is fansels idioat. Of je binne freon of je binne it net. Ik fyn it absurd." Kuindersma hat op sosjale media in poll útset en krijt nei eigen sizzen tal fan reaksjes. "Minsken snappe der hielendal neat fan."

Skrokken yn Drolshagen

Yn Drolshagen binne se ek skrokken fan it foarstel. "Ek om't sy der noch folle mear enerzjy yn stekke as it kolleezje hjir. Je wurde yn septimber 2019 mei alle egards ûntfongen en tekenje in freonskipsferdrach, mar je litte no net iens witte dat je foarnimmens binne om it op te sizzen."

Foarsitter Ynte Kuindersma fan Stichting DFM-Drolshagen

It kolleezje wol mei it opsizzen fan de freonskip jild besparje. "It giet eins om hielendal neat: in bedrachje fan 10.000 euro it jier foar twa útwikselingen mei Medias en Drolshagen. It is peanuts", fynt Kuindersma. It kolleezje wol it jild ynvestearje yn de nije 'Fryske projektemasine' fan de provinsje.

Ynsprekke

Dizze moanne sil de gemeenteried fan De Fryske Marren it foarstel fan it kolleezje beprate. Kuindersma is fan doel om yn te sprekken yn de riedsgearkomste. "Wy sille se witte litte dat sy as kolleezje net samar in foarstel dwaan kinne. Ik hoopje dat de gemeenteried wiis genôch is om te sizzen: best college, de groetjes met jullie voorstel, over tot de orde van de dag."

(Advertinsje)
(Advertinsje)