Fillapark Lutsmond-Noord by Balk komt der net: mearderheid ried stimt tsjin

08 sep 2021 - 23:09

De gemeenteried fan De Fryske Marren hat de bou fan fillapark Lutsmond-Noord by Balk tsjinholden. In mearderheid fan de ried stimde woansdeitejûn tsjin. Der wie in soad ferset tsjin de plannen.

Pieter Veenstra (fûgelwacht fan Balk) oerlanget in petysje fan tsjinstanners oan boargemaster Fred Veenstra - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Ut namme fan de fûgelwacht fan Balk waard bygelyks in petysje oanbean, dy't troch mear as 1.800 minsken tekene is. Pieter Veenstra fan de Fûgelwacht Balk oerlange de hantekeningen oan boargemaster Fred Veenstra.

De gemeenteried wie bot ferdield en diskusjearre fûl. Tsjinstanners fine ûnder oare dat it fillapark in soad romte ynnimt en dat greidefûgels de sigaar wurde.

'Kompensaasje maket park te ferdigenjen'

Wethâlder Roel de Jong (PvdA) wraksele mei it ûnderwerp. Neffens him past it plan yn it belied fan de gemeente en is it goed foar de lokale ekonomy. Tagelyk fynt er it greidefûgelgebiet by it park te lyts. De finansjele kompensaasje makket neffens De Jong it park dochs te ferdigenjen.

De plannen foar Lutsmond-Noord - Foto: Rho Adviseurs voor Leefruimte

Yn de ried wienen allinnich CDA, VVD en de fraksje Holtrop-Hoekstra foar it fillapark. Foar riedslid Ria Derks (CDA) wie de eventuele kompensaasje ek wichtich, neffens har biedt it kânsen foar de greidefûgels. Boppedat is de gemeente yn de eagen fan Derks ôfhinklik fan it toerisme.

Wês bliid dat se yn Fryslân ynvestearje.

Albert van Keimpema (VVD)

Albert van Keimpema (VVD) wie ek dúdlik foarstanner. "As dit net kin, kin der neat mear yn ús gemeente", tocht er. En dat sa'n fillapark op benammen rike minsken rjochte is, is foar Van Keimpema gjin reden om tsjin te wêzen. "Wês bliid dat se yn Fryslân ynvestearje."

Natuer en smelle beurs tsjinarguminten

Oare partijen stimden tsjin. Net allinne fanwegen de natuerarguminten, mar ek om't steancaravans fan toeristen mei in smelle beurs ferdwine moatte om plak te meitsjen foar djoere filla's.

"It grutte jild pikt alle romte yn", sei Rinze Visser fan de NCPN. "De rest kin gjin kant mear út. Wat is de oerienkomst tusken greidefûgels, steanplakken en sosjale wenten? Dat der gjin romte mear foar is."

18 stimmen tsjin

Mei 18 om 11 stimmen is it plan foar fillapark Lutsmond-Noord úteinlik fersmiten. Ek de Partij van de Arbeid-fraksje wie tige kritysk oer it fillaplan en kearde him dêrmei tsjin de eigen wethâlder Roel de Jong.

De útslach fan de stimming - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

GrienLinks - ek in kolleezjepartij - stimde ek tsjin it foarstel fan it kolleezje. Fraksjefoarsitter Anne Merkuur fynt dat it natuerbelang yn dit gefal swierder wage moat as dat fan 'e rekreaasje. "Krekt yn dit gebiet giet it goed mei de greidefûgels. It stikje natuer dat je opjouwe, krije je noait wer werom."

De fraksje fan de NCPN wie tige te sprekken oer de útslach fan de stimming. Riedslid Sake Bartelds sjocht dy as 'in oerwinning foar de natuer en de gewoane minske'.

Foto: Kontour Vastgoed
(Advertinsje)
(Advertinsje)