Ljouwert yn de race foar Europeeske ynnovaasjetitel

Ljouwert makket foar it twadde jier op 'e rige kâns om in Europeeske ynnovaasjepriis te winnen. It giet om de 'European Rising Innovative City'-ferkiezing. Gemeente Ljouwert docht foaral mei fanwegen de spesjalisaasje op wettertechnology. Njonken de wetterkampus spylje ek de Dairy- en enerzjykampus mei.
© Shutterstock.com (Anton Havelaar)
De priis wurdt elk jier jûn troch de Europeeske Kommisje oan in middelgrutte stêd. Neist Ljouwert binne ek Haarlem, Braga, Cascais, Castellón de la Plana, Ludwigsburg, Trondheim en Vantaa nominearre.
De winner kin 500.000 euro winne en wurdt yn novimber bekend makke.