Friezinne striidt foar omtinken moard op Munir yn 2004: 'Lit it net ferjierje'

08 sep 2021 - 23:30

Ypie Boersma fan Reduzum set har al jierren yn foar omtinken foar de moard op minskerjochte-aktivist Munir yn 2004. Lykas in hiel protte minskerjochte-organisaasjes wol se dat de moard sjoen wurdt as in slimme skeining fan de minskerjochten, sadat de saak net ferjierje kin.

2005: demonstranten op minskerjochtedei mei it portret fan Munir - Foto: ANP

Nettsjinsteande dat de moard op 7 septimber 17 jier lyn bard is, is der yn Yndonezië op it stuit in soad omtinken foar de saak. In protte minskerjochte-organisaasjes meitsje harren der yn de media hurd foar dat de saak fan aktivist Munir Said Thalib sjoen wurdt as slimme skeining fan minskerjochten, sadat der noch hieltyd ûndersyk nei plak fine kin.

Ynformaasje oer herfoarmings

Ek Ypie Boersma fan Reduzum freget hjir omtinken foar, út Nederlân wei. Yn it ferline hat se wurke foar in beliedsorganisaasje yn de polityk. Sa kaam se yn de kunde mei Munir, dy't doedestiids yn Den Haag wurke om ynformaasje te jaan oer de herfoarmings fan it Yndonezyske leger. De frou fan Munir waard sa in freondinne fan Boersma.

"Dat is tink ik wêrom't ik my der noch hieltyd hurd foar meitsje", seit Boersma oer de saak. "Om't it mei sear docht om te sjen. Om't sy noch altiten sykjen bliuwt nei rjochtfeardigens."

De moard op Munir yn 2004

De moard op Munir wie yn 2004, doe't de minskerjochte-aktivist ûnderweis wie nei Nederlân om hjir te studearjen. Yn it fleantúch waard him ferteld dat er business class sitte mocht. Ek waard him in fleske sinesapelsop oanbean. Letter is konstatearre dat yn dat gleske sinesapelsop arsenikum - gif - dien is, dêr't er oan ferstoarn is.

Foar de moard is de piloat Pollycarpus Priyanto feroardiele. Mar neffens de minskerjochte-organisaasjes wie hy net dyjinge dy't der efter siet. Boersma: "Hy wie mar in útfierder, net dyjinge dy't betocht hat dat Munir dea moast."

Straffeleasheid

Nei ynternasjonale druk kaam it regear fan Yndonezië mei in ûnôfhinklik ûndersyk nei de saak om Munir. Dêryn is fêststeld dat de geheime tsjinst by de moard belutsen wie. "Mar dat rapport is nea offisjeel erkend troch de Yndonezyske oerheid. Se sizze dat it kwyt is."

Dat seit ek wat oer de hjoeddeiske situaasje fan straffeleazens.

Ypie Boersma oer it proses om minskerjochte-aktivist Munir

Mar dat kloppet neffens Boersma hielendal net: "It is der gewoan." Se hat it stik sels gewoan by har op souder lizzen. It rapport kin noch ynbrocht wurde yn in eventueel proses, mar it bliuwt hiel dreech, seit Boersma. "It Yndonezyske regear wol dit leaver net. It is wol frij gefoelich, ek al is it 17 jier lyn. Dat seit ek wat oer de hjoeddeiske situaasje fan straffeleazens."

De frou fan Munir, dy't net wol dat se widdo neamd wurdt, hat neffens Boersma noch altiten hoop dat de ynternasjonale mienskip druk útoefenjen bliuwt. "Want as der gjin ynternasjonale druk mear is, dan is it klear."

"Wat dat oanbelanget seit se: we moatte wol fertrouwen hâlde", seit Boersma. Mar ek sy sjocht dat dat lestich is. "Mar har dochter, dy't in poppe wie doe't har heit ferstoarn, is in stúdzje rjochten begûn, oan deselde universiteit dêr't Munir ek rjochten studearre hat. Dat jout wol hoop, dat se seit: 'ik stean op en ik sil rjochten studearje'."

Ypie Boersma oer de saak oer minskerjochte-aktivist Munir

Sjoch hjir nei in dokumintêre fan Amnesty International oer it ferhaal fan Munir Sebuah. Ypie Boersma wurdt hjir ek yn neamd:

(Advertinsje)
(Advertinsje)