Sel- en wurkstraf foar frou dy't mem foar 100.000 euro bestiel

08 sep 2021 - 20:45

In eardere ynwenster fan Ferwert hat yn heger berop in selstraf fan fjouwer moanne ûnder betingst krigen, ek krige se 240 oeren wurkstraf. De 56-jierrige frou soe yn 2015 mei har man har âldere mem foar mear as 100.000 euro bestellen hawwe.

It gerjochtshof yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De 54-jierrige man krige woansdei in selstraf fan tolve moannen oplein, wêrfan sân ûnder betingst. De straffen binne lyk oan de easken fan it Iepenbier Ministearje (IM). It stel kaam begjin 2015 yn Ferwert te wenjen. Koart dêrnei ferhuze de doe 77-jierrige mem fan Helmond nei it doarp. Dêr wenne se tsjinoer har dochter en har skoansoan.

Bekentenis

Nei in pear moannen hie de mem gjin reade sint mear oer. It die bliken dat de fertochten har bankrekken yn koarte tiid leech helle hienen. It gerjochtshôf yn Ljouwert giet derfan út dat der goed 100.000 euro ferdwûn is. De dochter ûntkende alles yn de rjochtbank, mar yn it heger berop kaam se mei in bekentenis.

Se soe troch har eks, dy't skulden hat, ûnder druk set wêze. De man kaam net opdaagjen foar it heger berop. Hy is earder feroardiele foar oplichting. De man krige in swierdere straf om't er neffens it hôf gjin ferantwurdlikheid naam hat. In eardere wurkstraf fan 150 oeren ûnder betingst moat de man no ek noch útfiere.

Trefwurden: 
stellerij Ferwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)