Eigener De Spiker Ternaard hat COA oanbod dien foar opfang 160 Afganen

De eigener fan it eardere fersoargingstehûs De Spiker yn Ternaard wol dêr Afgaanske flechtlingen opfange. Dat oanbod hat er dien oan it COA. It soe gean om 150 oant 160 opfangplakken. It COA hat noch net op it oanbod reagearre.
De Spiker yn Ternaard © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De gemeente Noardeast-Fryslân stiet bûten it oanbod oan it COA. En de gemeente hat dêr yn prinsipe ek neat oer te sizzen. It is in saak fan de eigener en it COA, seit boargemaster Johannes Kramer.

Doarpsplannen stean faai

Geertsje Schoorstra fan Doarpsbelang wist net wat se hearde doe't se lucht krige fan de plannen. "Wy stean mei mei de earen te klapperjen. Wy witte noch fan neat oer de krekte ynhâld fan de plannen, mar dit is net wat wy foar eagen hawwe."
"Der is beloofd dat De Spiker in soarchfunksje krije soe. Dêr binne ek plannen foar makke. As dy no net trochgean en in (tydlik) azc wol, dan krije we it nea werom. Wy sjogge leaver in lytsskalige wenfoarm foar âlderein lykas tasein", seit Schoorstra.

Keapbeding jildt mooglik net mear

Yn it keapbeding stiet dat de nije eigener rekken hâlde moat mei de plannen fan it doarp. Mar it gebou is opnij fan eigener feroare. Doarpsbelang wit net oft de mooglike azc-plannen no noch juridysk oanfochten wurde kinne.
150 flechtlingen is tsien prosint fan de doarpsbefolking.
Geertsje Schoorstra, Doarpsbelang Ternaard
Nije eigener Nanne Rodenhuis hat it COA oanbean 150 oant 160 flechtlingen yn De Spiker wenje litte te kinnen. Dat is te folle foar it doarp, is Schoorstra fan betinken. "It giet dan om rûchwei 10 prosint fan de doarpsbefolking. Jo moatte it wol mei-inoar drage kinne. Dat freget nochal wat."

Draachflak net grut

De boargemaster kin him wol yntinke dat it draachflak foar flechtlinge-opfang net grut is, no't de takomstplannen fan it doarp net trochgean: "Dat snap ik hiel goed."
Kramer: "Mocht it trochgean, dan sille wy goed sjen hoe om te gean mei draachflak en kommunikaasje. En as de asylsikers wer fuort binne, wat bart der dan? In 150 of 160 is in soad foar Ternaard, mar it is te betiid om dêr no al op foarút te rinnen."