Waadsee offisjeel frij fan kontenerdielen MSC Zoe

08 sep 2021 - 16:36

De Waadsee is offisjeel frij fan konteners fan MSC Zoe. Dat meldt Rykswettersteat. Bergingsbedriuw BDS hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei it lêste kontenerstik, op in sânplaat tusken It Amelân en Skiermûntseach, opromme.

Foto: Twitter: @RWS_NN

Yn jannewaris fan 2019 spielden boppe de Waadeilannen hûnderten konteners fan MSC Zoe ôf. Neffens Rykswettersteat wie it al dy tiid net mooglik om it stik fan de kontener fan de sânplaat ôf te heljen, omdat it ûnder it sân bedarre wie. It fuortheljen soe tefolle skea oan de natuer feroarsaakje.

It soe gean om de boaiemplaat fan in kontener. Der leine mear grutte stikken op de sânplaat, mar dy wiene al earder opromme, seit Rykswettersteat.

Begjin 2019 rekke it kontenerskip MSC Zoe yn de problemen boppe de Waadeilannen. Yn de hege golven foelen hûnderten konteners oerboard. Der spielde fan alles oan op de Fryske strannen, mar in part fan de konteners is noait weromfûn.

De ferwachting wie dat it noch wat langer duorje soe foardat de kontener opromme wurde koe. "Mar de ôfrûne dagen wie it geweldich waar, dus it bedriuw hat in nije poging dien en dy is slagge", sa seit Anne van der Meer fan Rykswettersteat.

Foto: Twitter: @RWS_NN

Yn totaal leine der njoggentjin konteners yn de Waadsee. Dy binne no dus allegearre fuort. Yn de Noardsee lizze noch wol goed tweintich konteners, mar dêr wurdt net mear aktyf nei socht.

"Teoretysk soe it kinne dat dizze konteners letter noch yn de Waadsee telâne komme. Mar de kâns is grut dat se fier ûnder it sân lizze", seit Van der Meer.

Bliid

Nei goed twa en in heal jier is dit in spesjaal momint foar Rykswettersteat. "We kinne dit no ôfslute. Dat mocht ek wol ris nei sa'n lange tiid. It is in kwetsber gebiet en dêr moatte we sunich op wêze. We binne bliid dat de konteners no fuort binne", sa seit Van der Meer.

Anne van der Meer fan Rykswettersteat oer it lêste kontenerdiel

Trefwurden: 
Waadsee MSC Zoe kontenerramp
(Advertinsje)
(Advertinsje)