Grut tal Steatefraksjes fiert aksje yn Ternaard tsjin gaswinning

08 sep 2021 - 13:47

In grut tal Fryske Steatefraksjes fiert takom sneon yn Ternaard aksje tsjin de gaswinning ûnder de Waadsee dêr. Oanlieding is de fergunning dy't de NAM krijt foar it boarjen nei gas yn it natuergebiet.

Foto: Remco de Vries

Demisjonêr minister Stef Blok jout grien ljocht foar de gaswinning. Neffens him kin dat, omdat der rekken holden wurdt mei it saneamde 'hand aan de kraan'-prinsipe: as bliken docht dat de boaiemdelgong troch gaswinning hurder giet as de oangroei, dan moat de NAM de winning stil lizze.

Te let

SP-fraksjefoarsitter Hanneke Goede sjocht dat net sitten: "Als je bodemdaling constateert, ben je in feite al te laat. Dan is de bodem al te veel gedaald. De Statenfracties vinden dan ook dat er geen risico mag worden genomen in werelderfgoed Waddenzee."

De Steatefraksjes fan CDA, PvdA, FNP, GrienLinks, D66, Partij voor de Dieren en 50PLUS slute har oan by de SP. In grut tal fan dy fraksjes hat dizze wiken ek fragen oan Deputearre Steaten yntsjinne oer de plannen.

De aksje takom sneon is yn Ternaard. Twadde Keamerlid Sandra Beckerman (SP) fiert oan it begjin it wurd, wêrnei't de aksjefierders nei de boarlokaasje fan de NAM ta geane.

Blok nei Ternaard

Dêr komme, njonken Beckerman, ek Henk Nijboer (Twadde Keamerlid PvdA), Frank Petersen (Waadferiening), Hans van der Werf (Fryske Miljeufederaasje), Monique Plantinga (Tsjingas), Anna Anjema (Fêste Grûn), Sjoerd Keizer (riedslid S!N) oan it wurd.

De SP hat ek deputearre Douwe Hoogland útnûge foar de aksje. Dy lit witte dat er it goed fynt dat der aksje fierd wurdt en it lûd fan de boargers heard wurdt. Foar himsels sjocht Hoogland lykwols in oare rol weilein: hy wol op bestjoerlik nivo mei ûnder oare Den Haag sykje nei oplossingen.

Moandei komt Stef Blok sels ek nei Ternaard. Hy wol yn petear mei ynwenners en bestjoerders. Blok krijt moandei ek in spandoek oerlange dêr't alle aksjefierende partijen op steane.

IUCN-kongres yn Marseille

Op in wrâldkongres fan de International Union for Conservation of Natuure (IUCN) yn Marseille wurdt dizze wike ek praat oer de gaswinning yn it Waadgebiet. De Waadferiening hat de kwestie op de aginda sette litten. De organisaasje waard derby stipe troch 23 natuerbeskermingsorganisasjes út lannen yn Europa en Afrika.

Der wurdt dizze wike oer stimd op de konferinsje. As it kongres de moasje tsjin gaswinning yn de Waadsee oannimt, is dat in wichtich sinjaal fan de ynternasjonale natuerbeskermingsmienskip tsjin it foarnimmen fan de Nederlânske Steat.

Frank Petersen fan de Waadferiening

(Advertinsje)
(Advertinsje)