Teäterfoarstellingen Kazemattenmuseum: oarloch is tichterby as tinkst

De Kazematten by Koarnwertersân op de Ofslútdyk binne dan wol in museum, mar der binne de kommende tiid ek twa foarstellingen te sjen: 'Holocaust-Hollywood, de kinderen van Ilse Weber' en 'Sperrgebiet! Atlantikwall in het Waddengebied'.
Inez Timmer en Tsead Nauta © Kazemattenmuseum
Beide foarstellingen hawwe in relaasje mei oarloch.

'Holocaust-Hollywood, de kinderen van Ilse Weber'

Op 24 en 25 septimber bringe Inez Timmer en Tseard Nauta de meartalige muzikale teäterfoarstelling 'Holocaust-Hollywood, de kinderen van Ilse Weber'.
De Joadske Ilse Weber wie fan Dútsk-Tsjechyske komôf. De dichteres dy't ek berneboeken en harkspullen skreau, kaam yn konsintraasjekamp Theresienstadt telâne. Dêr skreau se yn it geheim gedichten dy't in soad oare finzenen hoop joegen. Ilse Weber hat de oarloch oerlibbe.

'Sperrgebiet! Atlantikwall in het Waddengebied'

De twadde foarstelling giet ek oer oarloch. Oarlochssjoernalist Jos komt werom út Syrië, mei syn Syryske freon Kerim. Jos syn mem is stoarn en hy moat it âlderlik hûs leechmeitsje. Kerim helpt him dêrby.
By elk laad dat se leechhelje, komt in nij ferhaal foar it ljocht. Oer de Twadde Wrâldoarloch en oer de befrjing. Jos realisearret him dat er in soad wit oer oarlochsgebieten op oare plakken yn de wrâld, mar net safolle oer de skiednis fan syn eigen lân. Mei de ûnderfiningen fan Kerim derby oer Syrië moat de foarstelling dúdlik meitsje: oarloch is tichterby as jo tinke.
Dizze foarstelling wurdt spile troch Jos van Venrooij en Kerim Shayeah, mei muzikale bydrage fan soulsjongeres Monique de Meza. Te sjen op 23 en 24 oktober.
Foar beide foarstellingen binne kaarten te krijen by it Kazemattenmuseum sels.