Aris hat seleksje rûn: fyftjin spilers, wêrfan tolve nij

Basketbalklup Aris út Ljouwert hat mei de komst fan Dikymbe Martin de seleksje rûn. De Amerikaan is in guard mei in goed skot. De seleksje fan Aris bestiet no út fyftjin spilers.
Vincent van Sliedregt © Orange Pictures
Nei ôfrûne seizoen seach Aris in soad spilers fuortgean. Fan de fyftjin spilers yn de seleksje binne der trije dy't foarich seizoen ek yn Ljouwert spilen. Der is ek in nije coach: Vincent van Sliedregt folget Ferried Naciri op.

Tûk basketbaljen

Mei Dikymbe 'DK' Martin by de seleksje krijt Van Sliedregt mear mooglikheden. "DK brengt ons verschillende opties qua line-ups en diepte in de selectie. In zijn periode bij Riverside liet hij zowel aanvallend als verdedigend intelligent basketbal zien."
Martin spile ôfrûne jier by UC Riverside Highlanders, yn de NCAA I. Fan syn twa- en trijepunters foelen 40% raak. Martin is noch net yn Ljouwert. Aris ferwachtet dat er him ein septimber oanslút by de seleksje. Hy is de fiifde Amerikaan yn it team.

24 septimber earste kompetysjewedstriid

De earste kompetysjewedstriid fan Aris yn de nije BNXT League, mei klups út Nederlân en België, is op 24 septimber, thús tsjin Donar.