Grutte soargen oer Thialf: "Wy libje op in fulkaan"

Der hingje donkere wolken boppe iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Dat is al in skoft sa, mar in nije brief fan it provinsjebestjoer makket dat opnij hiel dúdlik. Thialf kin gjin ôffallers mear brûke, want oars is in fallisemint net út te sluten.
Sander de Rouwe by Thialf © ANP
"It is serieus", seit sportdeputearre Sander de Rouwe. De provinsje hat him fyftjin jier lang bot ynset foar Thialf, ek finansjeel. In fallisemint soe in fiasko wêze. "It moat dy kant perfoarst net opgean."

Nije oprop oan Den Haag

En dus docht De Rouwe noch mar ris in berop op Den Haag. "Wy tinke dat it fanselssprekkend is dat de gemeente Hearrenfean en de provinsje meidogge, mar wy kinne dat net folhâlde. We binne grutsk op it reedriden, mar ek Den Haag moat ta de bûse."
In ferlitten Thialf © ANP
Yn Den Haag ha se op it stuit oare drokte. De ferkiezingen binne hast in healjier lyn en in nij kabinet liket noch fier fuort. En as der al partijen mei-elkoar om tafel komme te sitten om te praten oer in nij regearakkoart, dan sil Thialf beslist net it earste ûnderwerp wêze.
De ympasse yn Den Haag helpt net.
Deputearre Sander de Rouwe
De Rouwe hâldt dochs fertrouwen. "Ik sjoch de stappen dy't set binne. Foar it earst stiet Thialf op de aginda en ha Keamerleden op besite west."
Hy doelt op begjin july, doe't ferskate partijen yn it iisstadion wienen om te praten oer de problematyk. Der wienen in soad moaie wurden en sympaty, mar dêr is it earst by bleaun. En salang't der gjin nij kabinet is, feroaret dat nei alle gedachten ek net.
"De ympasse yn Den Haag helpt net", moat ek De Rouwe tajaan. "Mar dêrmei is de problematyk net fan de baan."

Kin net sa trochgean

Yn prinsipe hâldt it iisstadion it de kommende twa jier noch wol fol. "Om't wy in kredyt jûn ha. Mar it kin net sa trochgean. As der no in grut probleem komt, is der gjin jild om dat te beteljen. Wy libje in bytsje op in fulkaan."

Opfolger hat ek wat

De Rouwe is oan syn lêste moanne as deputearre dwaande. Hy wurdt boargemaster fan Kampen. Friso Douwstra is nei foaren skood as opfolger yn it provinsjebestoer.
"It is dreech om dit dossier sa efter te litten", seit De Rouwe. "Ik tink dat ik sa'n 30 dossiers ha, by de measten giet it goed. Mar Thialf is noch net klear. Dat fyn ik persoanlik dreech. Ik wol de put wol ôfmeitsje, mar somtiden kin dat net. Oan de oare kant: dan hat myn opfolger ek wat."
Deputearre Sander de Rouwe