FIDEO: Mei de SRV-wein op syk nei de essinsje fan Fryslân: tsiis
Alle jierren nûget keunstinisjatyf Voorheen de Gemeente in keunstner út om op 'en paad te gean mei in mobyl atelier yn in âlde SRV-wein. Dit jier giet keunstner Margriet Craens op syk nei de essinsje fan Fryslân. Neffens har is dat: tsiis. Fiif wiken lang rydt sy troch de provinsje op syk nei minsken mei in bân mei tsiis.