Befeiligingsbedriuw Kooi wint ûndernimmerpriis

Befeiligingsbedriuw Kooi út Drachten hat de ferkiezing fan de Fryske ûndernimming fan it jier 2021 wûn. Yn de finale naam it bedriuw it op tsjin FibreMax fan De Jouwer en Machandel út Haulerwyk.
Feest by befeiligingsbedriuw Kooi:
Foar direkteur Pieter Kooi wie it in emosjonele oangelegenheid. "Juster ha ik oankundige dat der in nije CEO komt, dy moat it bedriuw nei fierdere hichten bringe. Dat makket dat dit twa emosjonele dagen binne. Ik bin ôfgryslik grutsk."
Kooi is spesjalisearre op it mêd fan befeiligingen. Dan giet it bygelyks oer kamera's en oare deteksjewizen by terreinen en opslaggen. It bedriuw is yn 2010 oprjochte en hat mear as 160 meiwurkers. Kooi is aktyf yn 20 lannen yn Europa. It hat ek fêstigingen yn it bûtenlân.
Pieter Kooi hat in soad betsjut foar it bedriuw, seit finansjele man Marco Banning. "Hy is de oprjochter, hy hat de kultuer makke. Hy is mei 1 systeem begûn, we ha no 2.500. We gunne it Pieter fan herte, nei alve jier hartstikke hurd wurkjen."
Dat der in nije CEO komt, betsjut net dat Kooi fuort giet. Hy bliuwt by it bedriuw belutsen, fertelt er sels: "Mar wol mear op de achtergrûn. Ik krij in frije rol op produkt- en merkûntwikkeling."
© Omrop Fryslân, Andries Bakker
De ferkiezing is nei de earste edysje yn 1989 útgroeid ta in jierlikse tradysje. De sjuery bestie dit jier út de ûndernimmers Jennifer Westers, René de Heij en Jan Baljeu (de winner fan ferline jier), mei as foarsitter deputearre Sander de Rouwe. Organisaasje leit yn hannen fan in spesjale stichting. De finale waard dit jier op It Hearrenfean holden.
De finalisten op it poadium © Omrop Fryslân, Andries Bakker