Sherida Spitse werom yn Oranjeseleksje nei blessuere

07 sep 2021 - 19:55

Fuotbalster Sherida Spitse fan Snits is werom yn de seleksje fan de Oranjefroulju nei in blessuere. De nije bûnscoach Mark Parsons hat de seleksje bekend makke foar de WK-kwalifikaasjewedstriden tsjin Tsjechië en Yslân.

Sherida Spitse op in training - Foto: Orange Pictures

Spitse moast krekt foar de Olympyske Spelen ôfheakje fanwegen in blessuere oan de knibbel, dy't sy ein july op in training oprûn. "De olympische droom valt voor mij nu in duigen", sei Spitse doe. It wie fuort dúdlik dat it opknappen wiken duorje soe.

De Oranjefroulju waarden op de Spelen yn Tokio yn de kwartfinalen útskeakele troch de Feriene Steaten nei strafskoppen.

Sherida Spitse is net de iennige Friezinne yn de seleksje fan Oranje. Sisca Folkertsma fan Sleat is ek oproppen.

De kommende wedstriden binne op 17 septimber yn Grins en 21 septimber yn Reykjavik. It wrâldkampioenskip sels is yn 2023 yn Australië en Nij-Seelân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)