Omlizzende doarpen wiis mei it wurk oan de beekdelling fan De Lende

07 sep 2021 - 19:24

Yn de beekdelling fan De Lende by De Hoeve en Wolvegea wurdt de kommende trije jier 102 bunder grûn opnij ynrjochte. It moat liede ta mear bioferskaat, in bettere wetterkwaliteit, mear wetterberging en de mooglikheid om te rekreëarjen yn it gebiet. Omlizzende doarpen binne oer it generaal wiis mei de plannen.

In ynformaasje-ekskurzje mei ynformaasje oer de plannen by De Hoeve - Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

It wurk set yn de hjerst útein yn de polder Hoekstra, yn de kommende twa jier folgje noch twa gebieten.

Gearwurking

Oan dit saneamde projekt 'gebietsûntwikkeling Beekdal Linde' wurkje tal fan partijen gear. Net allinne provinsje en wetterskip, mar ek de gemeenten East- en Weststellingwerf, It Fryske Gea, Steatsboskbehear, LTO Noord en Vereniging Kleine Dorpen. Der is in gebietskommisje opset om mei it wurk útein te setten.

Egbert Smit fan de kommisje leit op in ekskurzje by De Hoeve mei ynformaasje oer de plannen út dat it wurk part is fan in folle gruttere natueropjefte yn hiel Fryslân. "Mar it giet hjir no earst om dizze trije dielgebieten."

De trije gebieten - Foto: Provinsje Fryslân

By twa fan dy gebieten is it wichtich dat se wieter makke wurde. Smit: "Wy moatte de rânebetingsten foarmjaan foar in wietere natuer. It lêste dielgebiet leit folle heger en wie earder fan de lânbou, oanslutend oan de Lendefallei. Dêr kinne wy drûgere natuer ûntwikkelje. Sa krije je in moai ferrin fan it drûgere part nei it wietere part fan De Lende ta."

In ynformaasje-ekskurzje mei ynformaasje oer de plannen by De Hoeve - Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Oant no ta hie de lânbou in grutte rol yn de omjouwing, mar it wetter krijt aanst mear frij spul. "De beide polders meitsje wy yn iepen ferbining mei De Lende", seit Smit. "Sa kin it wetter makliker tagong krije. It wetterpeil wurdt dêrtroch heger. Oant no ta waarden de polders bemealle foar de lânbouwers dy't der sieten. Mar no't dy fuort binne, kinne wy dy gemalen útskeakelje."

Natuernetwurk fan gebieten

It gehiel wurdt ynrjochte yn it ramt fan Natuernetwurk Nederlân. "Der binne ek al in tal dielgebieten klear: de Catspolder by Wolvegea en de polder IJkenverlaat. En by De Hoeve is ek in dielgebiet klear. Dêr hawwe wy ek al maatregels foar it opnij meänderjen fan De Lende naam."

Egbert Smit en Erik van Turenhout

Njonken de wearde foar de natuer wurdt ek sjoen nei wat it gebiet opsmite kin foar de minske. "Gemeente Weststellingwerf hat it Lendedal as rekreatyf spearpunt. It meänderjen fan De Lende is ek keppele oan in rekonstruksje fan in fytspaad njonken De Lende. It paad wurdt breder en krijt in bettere ferhurding, dêr binne wy drok mei dwaande," sa seit Smit. Ek komme der kano- en fiskfoarsjenningen.

Tusken bioferskaat en buorkje

De ynwenners fan omlizzende doarpen binne oer it generaal dan ek bliid mei it opnij ynrjochtsjen. Erik van Turenhout fan it pleatslik belang fan De Hoeve fynt it in goeie ûntwikkeling foar syn doarp. "Wij vinden biodiversiteit heel belangrijk, maar ook dat het in overleg gaat met agrariërs. Soms kan het even wringen, maar de ontwikkeling is prima."

Yn totaal wurdt 1,5 miljoen euro ynvestearre yn de gebieten. De provinsje Fryslân betellet dêr 545.000 fan en Wetterskip Fryslân sa'n 300.000 euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)