Nei tiid fan ûnwissens dochs grien ljocht foar MFA's yn Tytsjerk en Jistrum

As it oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel leit, krije Tytsjerk en Jistrum elts in multyfunksjonele akkommodaasje. De gebouwen moatte plak biede as doarpshûs, skoalle, berne-opfang en sportplak.
© Omrop Fryslân, Mats Gies
De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel sil op 16 septimber noch in definityf beslút nimme oer de akkommodaasjes.

Utwreidzje

Likegoed yn Tytsjerk as yn Jistrum binne der plannen om in nije skoalle te bouwen. It doarpsbelang fan Tytsjerk wol it besteande doarpshûs Yn 'e Mande útwreidzje mei in nije skoalle, gymseal en berne-opfang. De hjoeddeiske skoalle sit yn in ferâldere gebou dat eins te lyts is nei de fúzje tusken de kristlike en de iepenbiere skoalle yn 2018.

Wurkje oan leefberens

Yn Jistrum moatte njonken de skoalle ek de sportfoarsjenningen in plak krije yn de akkommodaasje. Sûnt 2019 is de Dorps Ontwikkelings Maatschappij (DOM) al dwaande mei in projekt om oan de leefberens te wurkjen yn it doarp. Alle ferieningen en organisaasjes yn it doarp binne dêr ek by oansletten.
De skoalfoarsjenningen yn Jistrum lykas de skoalle sels, de berne-opfang, de gymseal en oare sportfoarsjennings binne ferspraat troch it doarp. Mei in nije akkommodaasje is der mear kâns om dy foarsjenningen te behâlden.
Ein 2020 makke it kolleezje noch de kar om de plannen foar in MFA yn Jistrum foarearst yn de iiskast te setten, mar mei dit beslút kin de flagge dochs út yn it doarp.