Psychyske help foar learlingen op it Liudger nei in drege coronatiid

In soad learlingen hawwe it ek yn it nije skoaljier dreech troch it coronafirus. Sy hawwe te lijen fan sliepproblemen, binne mismoedich of sitte yn in sosjaal isolemint. Op skoalmienskip Luidger yn Burgum en Drachten is der help fan in sosjaal psychologysk meiwurker foar wa't dat wol.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Aukje Zuidema stiet alle dagen klear foar de bern. Se fiert petearen mei se en learlingen dy't yn psychyske need sitte kinne by har terjochte. Sy hat it smoardrok op it sprekoere, net alline yn Burgum, mar sy sil ek nei de lokaasje yn Drachten. "Ik bin der wol fan skrokken dat it der safolle binne."

Isolemint yn stee fan inoar opsykje

De coronakrisis hakt der yn by de jongelju dy't no wer mei syn allen nei skoalle meie. Hiel lang mocht dat lykwols net en dat wie foar de learlingen tige swier. Dêr hawwe se noch lêst fan. "It binne minsken yn in leeftiid dat je inoar opsykje wolle en dat mocht net. Dy binne yn in isolement rekke."

Wiis, mar wol wenne

Yn klasse trije fan it vwo sitte de freondinnen Nica en Karin. Sy binne bliid dat alle learlingen wer wolkom binne op skoalle, mar dat is wol wennen. "Ik vind het fijn dat iedereen weer naar school mag, maar het is soms wel erg druk in de klas," seit Nica de Jong.
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust
Har freondin Karin Wiersma tinkt der ek sa oer en fynt boppedat dat it folle drokker is as ferline jier. "Ik haw faak les oant 16.00 oere. Dat binne lange dagen." Psychyske help hawwe sy net nedich, de froulju hawwe inoar.
Sjoch nei de reportaazje: