Tank mei maleur op A7 by Drachten: plysje 'sjocht nuver op'

07 sep 2021 - 16:02

In tank fan it leger kaam mei maleur stil te stean oan de A7 by Drachten. Dat meldt de plysje. It wie moandei yn de moarnsspits.

Foto: Plysje East-Fryslân

Plysjes seagen nuver op, doe't se yn de gaten krigen dat it om in tank gong. Dat meldt de plysje fan East-Fryslân op Twitter. "We constateerden dat het niet om een normale auto ging."

It komt faker foar dat de plysje belle wurdt by autopech. "Dagelijks gaan we met spoed naar de A7 vanwege een pechgeval. Wij worden dan ingezet om voor een veilige verkeerssituatie te zorgen."

De tank is letter ophelle troch Definsje. "De sleepwagen kon dit keer achterwege blijven", meldt de plysje.

Trefwurden: 
plysje A7 tank
(Advertinsje)
(Advertinsje)