Sûnt ein fan fakânsje besmettingen op mear as 100 Fryske skoallen

07 sep 2021 - 16:00

Sûnt de ein fan de simmerfakânsje hat GGD Fryslân by 383 skoalbern it coronafirus fêststeld. Dizze besmettingen binne ferspraat oer 107 skoallen: yn it basis- en fuortset ûnderwiis en yn it mbo. Mar de basisskoallen springe der echt út, seit GGD Fryslân.

Foto: Shutterstock.com (Halfpoint)

Lanlik sjoen is it oandiel fan skoalbern yn it tal besmettingen flink omheech gien. Mar it folsleine tal besmettingen bleau wol sawat lyk yn ferliking mei in wike lyn. Yn ferskate regio's binne sûnt it begjin fan it skoaljier al wer tsientallen klassen nei hûs ta stjoerd fanwegen besmettingen.

Lanlik 1 op de 8 gefallen op skoalle

Lanlik wie ien op de acht nije coronagefallen te relatearjen oan it ûnderwiis. De tanimming yn de kategory tusken de 5 en de 9 jier is it sterkst. It gie lanlik om 1.708 besmettingen, dat is 56 persint mear as in wike earder.

Lês hjir mear oer de klusters yn Fryslân en oer hoe't skoallen mei besmettingen omgeane:

(Advertinsje)
(Advertinsje)