GAVC stapt yn jubileumjier oer fan snein nei sneon

07 sep 2021 - 12:48

Yn it jier dat de Grouster fuotbalklup GAVC hûndert jier bestiet, hâldt de klup op mei prestaasjefuotbal op sneins. It is de nijste klup yn in lange rige ferieningen dy't de oerstap meitsje nei it sneonsfuotbal.

GAVC tsjin VV Burgum: in pear jier lyn beide yn it sneinsfuotbal, takom seizoen beide net mear - Foto: Dijks Fotografie

GAVC fiert takom jier it hûndertjierrich jubileum. Yn datselde jier stapt de klup dus oer nei prestaasjefuotbal op sneons.

Langer folhâlde op snein wie neffens foarsitter Bert Nicolai net te dwaan. "We merken dat we problemen hebben om teams samen te stellen", seit er op it klupkanaal. "De roep is er om zo snel mogelijk naar de zaterdag te gaan. Tachtig voetballers zien we hier niet meer."

Ik was doodzenuwachtig.

GAVC-foarsitter Bert Nicolai

Doe't de plannen der trije jier lyn leine, hie GAVC by in oerstap nei de oare spyldei op in folle leger nivo begjinne moatten. De KNVB hat de regels feroare, wêrtroch't klups by in oerstap op itselde nivo bliuwe meie. Yn it gefal fan GAVC is dat de twadde klasse.

Foarsitter Nicolai wie nerveus foar de ledegearkomste. "Ik heb bijna geen hap binnen gekregen vandaag, ik was doodzenuwachtig. We doen dit werk in het belang van de club."

Fan de 44 leden stimden 30 foar de oerstap nei de sneons. "We hebben een brede steun gekregen", seit Nicolai. "Er was ook veel jeugd, daar doen we het voor. Ik ben blij dat we het gehaald hebben, anders zou ik niet weten hoe we verder moesten."

Past yn in trend

De lêste jierren binne folle mear klups dy't de oerstap makke ha. Under oare VV Hearrenfean, VV Zwaagwesteinde, SC Bolsward, Harkema-Opeinde, UDIROS, VV Burgum (nei in fúzje) holden op mei prestaasjefuotbal op snein.

Trefwurden: 
Grou sneinsfuotbal GAVC
(Advertinsje)
(Advertinsje)