Stikkene spoarbrêge oer Van Harinxmakanaal by Ljouwert kin net iepen

Troch in stikkene spoarbrêge rieden der tiisdeitemoarn even gjin treinen tusken Ljouwert en it stasjon Akkrum. Om 13.30 oere hinne wie it opûnthâld op it spoar foarby, mar foar skippen koe de brêge de hiele middei net iepen.
In monteur by de brêge © AS Media
Om seis oere hinne melde Rykswettersteat dat de brêge noch hieltyd net iepen kin foar it skipfeartferkear. It giet om de HRMK-brêge oer it Van Harinxmakanaal by Ljouwert.
Der binne de lêste tiid geregeld problemen mei spoarbrêgen. Ientsje by Frjentsjer wie fersakke, wêrtroch't dêr ferskate kearen fertraging wie.
In spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal yn Ljouwert soarge ôfrûne simmer ek in pear kear foar problemen. Dat wie de brêge foar it spoar rjochting Harns. Tiisdei gong it om in oare spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal.