Ban Ki-moon yn Ljouwert: "Hâld net op mei fjochtsjen"

"Dit is net de takomst dy't we trochjaan wolle oan de jongere generaasjes." Dat sei de eardere sekretaris-generaal Ban Ki-moon fan de Feriene Naasjes op besite yn Ljouwert.
Sjoch nei de reportaazje
Ban Ki-moon joech de studinten in opdracht mei: hâld net op te fjochtsjen. "Ik begryp de lilkens fan de jongerein. Jim binne frustrearre troch wat wy, en eardere generaasjes, fertutearzje litten ha."
Ban Ki-moon is by de Campus Fryslân om te praten oer klimaatferoaring, mei ûnder oare âld-fuotballer Arjen Robben. Robben is ambassadeur fan in organisaasje dy't ûndersyk docht nei de manieren wêrop't minsken har oanpasse kinne oan it feroarjende klimaat. Ban is foarsitter fan dy organisaasje.
De need is heech, seit Ban Ki-moon. "De kâns om noch yn aksje te kommen, is hieltyd lytser wurden. De wrâld wurdt waarmer: oardel graad moatte we no al akseptearje. Mar we kinne, en moatte, net ophâlde te fjochtsjen tsjin fierdere opwaarming."
Ban Ki-moon © LEO Middelsé, Lennard Geerts
Ban Ki-moon sjocht ek ljochtpuntsjes. "Der giet in griene weach troch Europa en de Feriene Steaten, ûnder oare troch jongerein. Dêrtroch komt werstel earder op gong. It hat ferskil makke."
"Dit is wat we foar generaasjes en generaasjes achterlitte", sei Ban Ki-moon. Hy wie dúdlik: "Daagje de lieders út, lokaal en lanlik. It is jim morele plicht."