Klimaatprofessor: "Komst Ban Ki-moon is symboalpolityk"

07 sep 2021 - 10:32

Dat de eardere sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes Ban Ki-moon yn Ljouwert is om te praten oer klimaatferoaring, is symboalpolityk, seit klimaatprofessor Pier Vellinga.

Pier Vellinga - Foto: ANP

"It is symboalpolityk, en dat moat eins wol", seit Vellinga. "Ban Ki-moon wie de baas fan de Feriene Naasjes, en dy ha in hiele belangrike rol om te soargjen dat net tefolle minsken de dupe wurde fan klimaatferoaring.

Ban Ki-moon is yn Ljouwert, by de Campus Fryslân, om te praten oer klimaatferoaring, mei ûnder oare âld-fuotballer Arjen Robben. Robben is ambassadeur fan in organisaasje dy't ûndersyk docht nei de manieren wêrop't minsken har oanpasse kinne oan it feroarjende klimaat. Ban is foarsitter fan dy organisaasje.

"Op himsels is it hiel moai dat we as Nederlân sa'n organisaasje oprjochte ha, en dan Ban Ki-moon syn namme deroan ferbynt", seit Vellinga. "En hy komt ek noch del, mar hy docht fierder net safolle tink ik."

Yn Wâldsein stiene goed twa wiken lyn meardere kelders fol wetter, en yn Limburg wie de sitewaasje noch folle slimmer. Dêr binne komplete doarpen oerstreamd.

Wetteroerlêst yn Wâldsein - Foto: CAMJO media

Harm Weistra praat mei Pier Vellinga

"Sa'n oerstreaming helpt om de minsken yn Grins en Rotterdam by de les te hâlden", seit Vellinga. Yn Grins en Rotterdam sit de organisaasje fan Ban Ki-moon, dy't him dwaande hâldt mei de klimaatferoaring.

Yn de bus

Nederlân kin it klimaatprobleem net allinne oplosse, seit Vellinga. Sina en Yndia binne sa grut, dat de kaai yn dy lannen leit.

"We sitte mei syn allen yn de bus, en Sina sit oan it stjoer. Wy sitte achteryn, en moatte de sjauffeur te freon hâlde. De ruten plakke we ticht, want it wetter komt omheech. En wilens moatte we mar hoopje dat de sjauffeur it ravyn net yn rydt."

Juridyske plicht

Hielendal neat dwaan, is gjin opsje, seit Vellinga. "It is in morele plicht, en miskien ek wol in juridyske plicht, om oare lannen te helpen."

"Nederlân is lyts. We moatte de eigen tún op oarder hâlde. Mar we binne ôfhinklik fan oardel miljard Sinezen en in miljard Yndiërs. Dat fielt fansels net sa lekker. Mar as sy neat dogge, dan fersûpe we."

(Advertinsje)
(Advertinsje)