Ljouwerter Walrus hat it bêste terras fan Fryslân

07 sep 2021 - 10:06

It terras fan De Walrus yn Ljouwert is ien fan de bêste terrassen yn Nederlân. Yn de top 100 fan hoarekamagazine Misset stiet it terras op it fjirde plak. Yn totaal steane fiif Fryske terrassen yn de list.

De Walrus yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

In sjuery beoardielet de terrassen. Alle terrassen binne yn twa rondes besjoen troch in faksjuery. De sjuery fûn it terras fan Brasa yn Purmerend it bêste terras fan Nederlân.

By de foarige ferkiezing, yn 2019, waard it terras fan Nes Café (It Amelân) as bêste beoardiele fan alle Fryske terrassen. Yn de list fan 2021 stiet op 'e nij in Amelanner terras. Dêrnjonken steane terrassen yn Dokkum, Snits en Harns yn de list.

Fryske terrassen yn de top 100

4. De Walrus Ljouwert
9. KB Food & Drinks Dokkum
11. Markt23 Snits
79. 't Havenmantsje Harns
88 Hotel Nobel Ballum
(Advertinsje)
(Advertinsje)