Ban Ki-moon yn Ljouwert: klimaat as reade tried troch karriêre

07 sep 2021 - 09:01

Hege besite tiisdei yn Ljouwert: de âld-sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes, Ban Ki-moon, is op de Campus Fryslân ien fan de sprekkers by in gearkomste oer klimaatadaptaasje. De wrâld moat him oanpasse om mei klimaatferoaring omgean te kinnen, is it boadskip.

Ban Ki-moon - Foto: ANP

Mei Ban Ki-moon as haadgast profilearret Campus Fryslân, in ôfdieling fan de Ryksuniversiteit Grins, him as in ynstelling dy't foaroprinne wol yn it debat oer klimaatbelied en duorsume ekonomyske ûntwikkeling. De Koreäan hat him de lêste desennia jilde litten as ien fan de wichtichste tinkers en inisjators op dat mêd.

Sa wie ien fan Ban syn earste inisjativen nei syn oanstelling as sekretaris-generaal fan de VN it organisearjen fan in klimaattop op Bali. Dy top ferrûn muoisum. Belangrykste ôfspraak wie in 'rûtekaart' rjochting nije ûnderhannelingen.

Oarloch as reden om by Feriene Naasjes oan de slach te gean

Ban begûn yn 2007 as heechste baas by de Feriene Naasjes. Foar syn tiid as sekretaris-generaal wie Ban minister fan bûtenlânske saken en hannel foar Súd-Koreä. Yn dy rol hie er al sûnt 1975 kontakten mei de Feriene Naasjes. Yn 2007 waard er de opfolger fan Kofi Annan as sekretaris-generaal.

Ban waard berne yn 1944, in tiid fan oarloch. "Ik seach dat de Feriene Naasjes myn lân holpen mei de weropbou nei de oarloch", sei er. "Dat hat my derta set om ek oan it wurk te gean yn dizze wrâld."

By syn oantreden as sekretaris-generaal hie er in pear doelen foar eagen. "Ik wol dat dizze organisaasje wichtige en konkrete resultaten berikt dy't wrâldfrede, ûntwikkeling en minskerjochten befoarderje."

Klimaatferoaring as reade tried

Klimaatferoaring rûn as in reade tried troch Ban syn tiid by de Feriene Naasjes. Doe't er begûn, seach Ban net in soad beweging yn de wrâld om der wat oan te dwaan. Ien fan syn prioriteiten wie om wrâldlieders mei te krijen om it opwaarmjen fan de wrâld safolle mooglik tsjin te gean.

We moatte it 'momentum' fan it Parysakkoart oer klimaatferoaring behâlde.

Ban Ki-moon yn 2016

Hy is grutsk op it klimaatakkoart fan Parys, dat yn 2015 presintearre is. "Dat like oait ûntinkber, no is it net mear fuort te tinken. It is in goed begjin, mar we moatte dermei trochgean."

Flak foardat Ban ein 2016 ôfskied naam as sekretaris-generaal, beneamde er nochris de oanpak fan klimaatferoaring. "We moatte it 'momentum' fan it Parysakkoart oer klimaatferoaring behâlde", sei er.

Skjinnere loft en bettere sûnens

"Klimaataksje betsjut banen, groei, skjinnere loft en bettere sûnens. Lieders oer de hiele wrâld begripe dat. It Parysakkoart is in geweldige prestaasje dy't we stypje en koesterje moatte. We kinne net werom."

Tsjintwurdich is Ban ien fan de foarsitters fan it Global Center on Adaptation (GCA), in kennissintrum dat him bûcht oer hoe't de wrâld him oanpasse kin oan de gefolgen fan klimaatferoaring. Moandei wie Ban yn Rotterdam om it nije haadkantoar fan de ynstelling te iepenjen.

Kening Willem-Alexander en Ban Ki-moon moandei yn Rotterdam - Foto: ANP

Dêr gong Ban ek yn op de warskôgingen út it nijste IPCC-rapport, wêryn't warskôge wurdt foar de negative gefolgen fan klimaatferoaring en dat dy earder komme as earder tocht.

"It betsjut net dat der wat ferkeard is mei it Parysakkoart", sei Ban moandei. "It is presys wat we nedich ha, allinnich moatte we ús der wol mei ús allen oan hâlde."

Yn petear mei jongerein

Yn syn rol as mei-foarsitter fan de GCA komt Ban tiisdei ek nei Ljouwert. De Campus Fryslân organisearret dêr mei it Global Center on Adaptation in petear ûnder de namme High Level Dialogue With Youth: Accelerating Adaptation in a Climate Emergency.

Bestjoerders fan it GCA, ûnder wa Ban, politisy en diplomaten út ferskate lannen hâlde taspraken en geane mei jongerein yn petear oer klimaatadaptaasje.

De dei wurdt iepene troch Patrick Verkooijen, heechlearaar oan de RUG en CEO fan it adaptaasjesintrum. Neffens him moat de wrâld him ynstelle op klimaatferoaring en sjen hoe't we ús derop tariede kinne. "De bottom line is: klimaatadaptie is noodzakelijk", sei Verkooijen earder dit jier.

Yn ekonomysk eigenbelang

"Wat wel nieuw is, is de notie dat klimaatadaptatie feitelijk een kans is. Als je het framet als 'kostenpost' is dat niet aantrekkelijk voor met name ministers van financiën. De afgelopen twee jaar hebben we geprobeerd dat discours te wijzigen: van 'het is noodzakelijk' naar 'het is in je economisch eigenbelang'."

Nei de iepening troch Verkooijen komt dus ûnder oare Ban Ki-moon oan it wurd. Oare sprekkers binne Jouke de Vries (bestjoersfoarsitter RUG) en âld-fuotballer Arjen Robben. Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert slút de dei ôf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)