Stroomkabels Skiermûntseach net kompensearre troch minder gasboarringen

06 sep 2021 - 22:52

Ekologyske skea troch it oanlizzen fan stroomkabels ûnder Skiermûntseach troch wurdt net kompensearre troch minder boarringen nei gas yn de Waadsee. Dat hat steatssekretaris Dilan Yesilgöz-Zegerius fan Ekonomyske Saken en Klimaat bekend makke yn reaksje op Keamerfragen.

Nasjonaal Park Skiermûntseach - Foto: Shutterstock.com (Hollandluchtfoto)

Neffens de steatssekretaris wurdt der allinne gas wûn as it feilich kin en der gjin skea oan de natuer is. Kompensaasje is dus ek 'net oan de oarder.' Yesilgöz skriuwt wol bewust te wêzen fan de 'gevoeligheid van het gebied.' Dêrom wurket sy noch oan in programma dat njonken it wetlike natuerwerstel en fergoeding fan skea komt.

Oan de ein fan dit jier ferwachtet sy noch in ûndersyk nei de gefolgen fan it oanlizzen fan stroomkabels op ferskate rûten. Oant dy tiid sil it Ryk gjin stappen sette dy't net mear te kearen binne.

Rûte

In soad partijen sjogge leaver de eastlike rûte. Mar neffens de steatssekretaris lizze dêr al meardere kabels en liedingen, dêrtroch is er net in soad romte mear. It is dêrtroch lestiger, it bringt risiko's mei him mei en ek binne der twivels oer in flugge tastimming fan Dútslân. Om de klimaatdoelen te heljen moatte der rap wynparken oanlein wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)