Wiete simmer wie in tafaller foar de natuer fan It Fryske Gea

No't de hjerst foar de doar stiet, makket It Fryske Gea de balâns op. It hat in relatyf wiete simmer west en dat koe de natuer wol brûke. "Wy hawwe trije jier fierstente min wetter hân. De natuer hie dêr fan te lijen, sels beammen giene dea om't it te drûch wie", seit direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea.
Bloeiende heide yn It Mandefjild op de Heide fan Allardseach © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De Vries hat it oer 'ljochtpuntsjes' dy't de ôfrûne simmer opsmiten hat. "Wy hawwe sjoen dat it mei de greidefûgels goed gien is, dat de heide moai bloeide en dat guon planten oermjittich bloeid hawwe dy't dat oars net diene. It kaam goed út dat der no mear rein wie."

Trochsneed temperatuer

Wol sjocht De Vries dat de ekstremen yn it waar oan beide kanten grutter wurde. Benammen de moannen july en augustus wiene wiet en wif. De trochsneed temperatuer fan 17,7 graden makke der ek in trochsneed simmer fan, sa docht bliken út sifers fan it KNMI. Sa'n hiele minne simmer wie it dus yn ferliking net. Yn Fryslân wie der ek noch wol in soad sinne: yn Starum koene der goed 700 sinne-oeren skreaun wurde.

Profitearjende pykjes

Benammen it briedseizoen koene it wiete waar goed brûke. "It giet struktureel min mei de greidefûgels. Dat is gjin geseur", seit De Vries. "Mar dit jier wie it bêst: yn de maitiid wie it hiel wiet, dêrtroch kaam de gers- en krûdegroei wat letter op gong. Dan binne de ynsekten yn de legere blommen ek better te berikken foar de pykjes. In twadde aspekt wie dat in soad lân sa wiet wie dat it ek noch net te bewurkjen wie. De fûgels krigen mear kâns en tiid om har jongen grut te bringen."
Direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea