Fangrail by Van Starkenborghkanaal nei jierren polityk harrewarjen oanlein

By Strobos, flak foar de grins mei Grinslân, is de oanlis fan de fangrail lâns it Prinses Margrietkanaal en it Van Starkenborghkanaal úteinset. Dy fangrail rint oan Gaarkeuken ta en moat foarkomme dat noch mear minsken it wetter yn ride.
RTV Noord seach by de oanlis fan de fangrail:
Oanlieding foar de oanlis is in tal slimme ûngelokken de lêste jierren, soms deadlik.
De fangrail wurdt fiif kilometer lang en komt te lizzen tusken Strobos, yn de gemeente Achtkarspelen, en de slûs by Gaarkeuken, yn de Grinslanner gemeente Westerkwartier.
"Het is een heugelijke dag", seit wethâlder Geertje Dijkstra-Jacobi fan Westerkwartier by RTV Noord. "Het heeft lang geduurd om alle partijen op een lijn te krijgen, maar nu is het zover."

Jierren polityk harrewarjen

De fangrail is der kaam mei tank troch de ynset fan de politike partij VZ Westerkwartier. Dy woe al yn de âlde gemeente Grootegast in mearderheid krije foar de fangrail, mar dat slagge doe net. Yn de fúzjegemeente Westerkwartier slagge it wol.
Meiwurkers fan Heijmans lizze de fangrail oan © RTV Noord, Jan Been
Benammen de smelle berm by it kanaal del, soms noch gjin twa meter breed, smiet soargen op. Auto's koenen der hast net útwike.
Yn Achtkarspelen pleite de FNP yn 2018 al foar de oanlis fan in fangrail. Direkte oanlieding wie dat in frou fan 59 út Bûtenpost om it libben kaam op dat stik dyk. In moasje fan de FNP helle it doe net.
Nei jierren polityk harrewarjen is de fangrail der no dochs kaam. "We hebben hier te maken met Rijkswaterstaat, de waterschappen Noorderzijlvest en Fryslân, twee provincies en twee gemeenten", seit wethâlder Dijkstra-Jacobi fan Westerkwartier.

"Eindelijk aan de slag"

"Gelukkig zagen ze allemaal de noodzaak in van deze veiligheidsmaatregel en toen het geld beschikbaar was gesteld konden we plannen maken en vandaag zijn we dan eindelijk aan de slag."
Op it stik tusken Blauforlaet en Gerkeskleaster leit gjin fangrail by de dyk del. Neffens de gemeente Achtkarspelen is dat stik minder gefaarlik. De dyk dêr is in sutelwei, dêr't net in soad ferkear komt. Yn Gerkeskleaster sels is de maksimumsnelheid 30 kilometer yn 'e oere, wat it gefaar ek beheint.