Sprintertrein rydt tenei troch nei Zwolle: 'Skeelt my hast in healoere'

Treinreizgers fan de stasjons Grou-Jirnsum, Akkrum en Wolvegea binne tenei flugger yn oare parten fan it lân. De sprintertrein Ljouwert-Meppel giet mei yngong fan moandei troch nei Zwolle.
De earste sprinter moandeitemoarn betiid:
Dat betsjut dat reizgers út dy doarpen - as se nei Zwolle (of fierder) wolle - net mear oer hoege te stappen yn Meppel of op It Hearrenfean.
"Ik ben nu sneller op school in Zwolle", seit de earste reizger dy't moandeitemoarn op de sprinter siet te wachtsjen. "Het is voor mij een heel groot voordeel. Nu is het een half uur en eerst was het bijna een uur."
In oare frou is ek op de earste dei al oertsjûge fan it nut: "Hij moet blijven, zeker weten." Se giet geregeld by har soan op besite yn Noordwijk en moast earder altyd oerstappe. "De andere trein gaat heel veel haltes voorbij. Ook waar ik woon, dat is best wel vervelend. Dit vind ik dus heel fijn."
Dit betekent heel veel voor de dorpen.
Ton Ettema fan reizgersorganisaasje ROCOV
Reizgersorganisaasje ROCOV hat jierrenlang lobbyd om de sprinter oant en mei Zwolle foarinoar te krijen. Foarsitter Ton Ettema neamt dizze dei sels in 'feestje'. "Dit betekent heel veel voor de dorpen", seit Ettema.
Deputearre Avine Fokkens en wethâlder fan de gemeente Ljouwert Friso Douwstra gienen moandeitemoarn ek mei yn de earste sprinter. Sy hawwe der by de NS en it Ryk lang op oantrune dizze ferbining te meitsjen.
Dêrfoar moast der lykwols wol in nij stik spoar komme yn Zwolle. Dat wie lange tiid in obstakel, mar úteinlik hat it Ryk jild útlutsen foar it projekt.

Twa kear yn de oere

Gewoanwei fiert de NS pas yn desimber nije tsjinstregelingen troch, mar om't de nije ynfrastruktuer yn de simmer al klear wie, woene se net mear langer wachtsje. "Daarvoor hebben we contact opgenomen met de provincie, want daarvoor moet er wel een brug één minuut minder lang open", leit regiodirekteur Maarten Haverkamp út.
"Zo precies komt het soms, op één minuut. Het maken van een dienstregeling is een hele complexe puzzel", seit Haverkamp. De provinsje koe de tasizzing fan de brêge wol dwaan en dus rydt fan dizze wike ôf oerdeis twa kear yn de oere in sprinter fan Ljouwert nei Zwolle.
Ferslachjouwer Lars de Leeuw gie mei yn de earste sprinter