148 nije besmettingen fêststeld yn Fryslân, trochsneed giet omheech

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 148 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der tsien minder as snein, doe waarden 158 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 132 besmettingen meld yn Fryslân. Snein lei dat trochsneed op 124, in wike lyn op 110.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Gjin stjergefallen, twa sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne wol twa Friezen opnaam yn in sikehûs, dat giet om ynwenners fan Smellingerlân en Achtkarspelen.

Lanlike sifers

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.151. Yn trochsneed binne der yn Nederlân de ôfrûne wike alle dagen 2.530 besmettingen by kaam.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.