Hurdfytser Norbruis hâldt op: medysk ûnferantwurde

Alyda Norbruis hâldt op mei har topsportkarriêre. Dat makke se moandei bekend. "Ek al soe ik it wolle, it is medysk net ferantwurde om troch te gean."
© ANP
"Djip fan binnen soe ik trochgean wolle, mar it is foar my besletten op medyske grûn. It wurdt tiid foar wat nijs, in nije stap yn myn libben. Wat dat wurdt, is noch de fraach, mar der komt in ein oan myn topsportkarriêre. Dit wie it wol, ik fyts gjin wedstriden mear."
Om dat te akseptearjen sil net tafalle. "Dat wurdt noch wol in dinkje. It is in dreech beslút. Ik moat myn paad fine."
De hurdfytster fan Oerterp wûn yn Tokio sulver op de 500 meter tiidrit. Se neamde it in sulveren medalje mei in gouden râne. Dat komt troch de rûte derhinne. "Dat wie in lestige rûte mei in soad medyske tsjinslaggen. De kleur fan de medalje makke net út. De oare kleuren ha ik al thús, mar dit sulver seit my mear as goud fan Rio."
Troch de reaksjes fan oaren krijt se stadichoan it besef dat it net gewoan is wat se dien hat. As se weromsjocht, oerhearsket in gefoel fan grutskens.
Alyda Norbruis