Oprop by start nij kultureel seizoen Ljouwert: "Mear jild nei kultuer"

06 sep 2021 - 13:15

De gemeente Ljouwert soe de subsydzjes foar kultuer yn de haadstêd ferdûbelje moatte. Dy oprop dienen direkteuren fan kulturele ynstellingen snein by de iepening fan it nije kulturele seizoen, Uit in Huis.

Uit in Huis is de start fan in nij kultureel seizoen yn Ljouwert

Op de tredde edysje fan dit evenemint wienen snein op sa'n fjirtich lokaasjes yn de stêd eksposysjes, workshops en foarpriuwkes fan optredens. It wie allegearre fergees te besjen. Ljouwerter kultuerwethâlder Hein Kuiken wie ek by de iepening en hy is net dôf foar de oprop.

Yn fergelyk mei soartgelikense stêden is de bydrage fan de gemeente net grut, sa jout hy ta: "Het is inderdaad mager. We geven net iets meer dan twee procent uit aan cultuur. Wat mij betreft is die oproep om in de toekomst te kijken naar meer investeringen in cultuur een hele terechte en krijgt van mij een warme aanbeveling als cultuurwethouder."

Dineke Swiers en wethâlder Hein Kuiken

(Advertinsje)
(Advertinsje)