Teäter wegeret besikers as se gjin jildich coronabewiis toane kinne

06 sep 2021 - 13:06

De teäters meie sûnt begjin juny wer iepen, ûnder betingst dat se har oan de coronaregels hâlde. Dochs giet it noch geregeld mis en moatte se minsken wegerje. Ek ta begrutsjen fan de teäters sels.

Theater Sneek - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"De meeste mensen zijn goed voorbereid en hebben de boel op orde, maar helaas niet iedereen", seit direkteur Wiebren Buma fan Cultuur Kwartier Sneek. De ynformaasje mei de regels stiet op de webside, mar minsken dy't in kaartsje kocht hawwe, krije in pear dagen yn it foar ek in mail mei de betingsten. "Sommige mensen komen er vlak voor de voorstelling achter en willen nog snel naar de teststraat maar die blijkt dan al dicht te zijn."

Minsken moatte in goed faksinaasjebewiis sjen litte, dat binne regels dy't de oerheid bepaald hat. "Die moeten we naleven. Ik kan geen uitzondering maken. Het liefst gun ik iedereen een mooie avond, maar we moeten ons aan de regels houden."

Net elk hat der begryp foar ek al siket it teäter nei in oare oplossing. "Soms uiten mensen hun onvrede over de maatregels en vieren hun gevoelens bot op onze medewerkers, maar die kunnen er ook niets aan doen." Hy ropt besikers dan ek op om op 'e tiid nei de betingsten te sjen. "Soms duurt het een paar dagen voordat de QR-code op je telefoon staat."

Wiebren Buma

Trefwurden: 
Teater coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)